Cambuur begjint wer mei trainen: "It is hearlik om wer op it fjild te stean"

04 maaie 2020 - 12:53

SC Cambuur is moandei wer útein set mei de earste training sûnt it coronafirus alle aktiviteiten op it fuotbalfjild stil lei. Trainer Henk de Jong is wiis mei it feit dat alle jonges wer op it gers steane. "Wy moatte goed tinke hoe't wy it dogge, mar it is geweldich om wer los te kinnen."

Der waard yn fjouwer groepkes traind mei maksimaal seis spilers om de coronamaatregels yn acht te nimmen. "Dat is efkes wennen", fynt trainer Henk de Jong. Ek skouderklopkes binne net tastien. "Ik bin wiis mei myn jonges, mar ik mei efkes net oan minsken komme."

Rjochtsaak

Njonken fuotbal gong it benammen oer de rjochtsaak kommende freed om promoasje nei de earedifyzje. Trainer Henk de Jong hie it der smoardrok mei de ôfrûne wike. "Ik hie de hiele wrâld wol oer kind. It hat in boppeslachje west. Der wurde noch hieltyd kollums oer skreaun. Mar ik bliuw no rêstich en sis neat mear. It giet der no om dat ferstannige minsken in beslút nimme."

De Jong is freed net by de rjochtsaak, lit er witte. "Ik hoopje noch altyd dat der gjin rjochtsaak komt. Dat soe it allermoaiste wêze. Dat skeelt ús allegear in hoop ellinde."

(advertinsje)
(advertinsje)