Ljouwerter binnenstêd makket him klear foar oardelmetermienskip

04 maaie 2020 - 12:35

De detailhannel is drok dwaande mei de tariedings foar de oardelmetermienskip. Ek yn Ljouwert wurdt der hurd oan wurke, seit Gerrit Jan Faber, foarsitter fan de ûndernimmersferiening. "De ûndernimmers binne hiel drok mei harren winkels dwaande om ôfstân hâlde te kinnen en it winkeljen feilich te hâlden yn de saken."

Neffens Faber is it gjin probleem om je oan de maatregels fan it RIVM te hâlden yn de Ljouwerter binnenstêd. "Mei it tal besikers dat wy op it stuit ha, kinst dy maklik oan de protokollen hâlde. As ik nei myn eigen winkel sjoch: wy ha 1.200 fjouwerkante meter en wy litte 40 minsken ta. Dus dy 1,5 meter is gewoan garandearre. Wy binne fan miening dat it hiel goed giet yn de Ljouwerter binnenstêd en dat alle ûndernimmers der goed mei omgean."

De Nijstêd yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De Ljouwerter ûndernimmers binne oan it advertearjen om minsken witte te litten dat de winkels gewoan iepen binne. "Der gean in hiel soad geroften de lêste wiken dat de winkels ticht binne. Der binne in tal winkels iepen bleaun en der ha ek in protte winkels ticht west, mar stadichoan gean alle winkels wer iepen."

"Kom allinnich as je wat nedich ha"

It is neffens Faber dan ek feilich om nei de stêd te gean. "Salang't wy neffens de rjochtlinen wurkje en minsken dêr harren eigen ferantwurding yn nimme, giet dat hielendal goed." Der moat fansels wol rekken hâlden wurde mei de maatregels fan it RIVM. "Ast no ferkâlden of koartsich bist, moatst net nei de stêd komme. En ast komst, kom dan allinnich ast wat nedich hast. Dan kin eltsenien gewoan wer nei de stêd komme", seit Faber.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn de Ljouwerter binnenstêd

(advertinsje)
(advertinsje)