GGD: gjin nije besmettingen en gjin nije stjergefallen fêststeld

04 maaie 2020 - 12:02

Foar it earst sûnt de útbraak fan it coronafirus binne der de ôfrûne 24 oeren gjin nije besmettingsgefallen en gjin nije stjergefallen fêststeld yn Fryslân. Dat meldt de GGD Fryslân.

Dêrmei bliuwt it tal Friezen dat stoarn is oan it coronafirus stean op 63. Yn Fryslân ha 518 minsken posityf test op it firus. De sifers sizze neat oer it totale tal besmettingen of oer it tal Friezen dat stoarn is oan it firus, omdat lang net elkenien test wurde kin.

Wol in soad test

Dochs is Wim Kleinhuis, direkteur fan de Veiligheidsregio Fryslân, tefreden. "Dit is posityf. It bliuwt fansels hiel tryst hoefolle minsken oft stoarn binne oan it firus, mar de ûntwikkeling is posityf. We moatte in slach om de earm hâlde, want soms komme de sifers wat letter. Mar we sjogge al langer dat it tal positive tests leech bliuwt, wylst we wol in soad oan it testen binne, benammen yn de soarch."

De earste kear dat in coronabesmetting by in Fries fêststeld waard, wie op 10 maart. In man en in frou fan De Gordyk waarden posityf test. Dêrnei waard alle dagen op syn minst ien nije besmetting meld.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

De rop om de maatregels te ferlichtsjen wurdt troch de goede sifers fan de lêste tiid ek grutter. Mar neffens Kleinhuis moatte we guon praktiken deryn hâlde. "We moatte ús miskien noch wol in jier hâlde oan de hygiëne- en ôfstânsregels. Dus bliuw thús as je ferkâlden binne, hoastje en prúste moat yn de earmtakke. En we moatte ôfstân hâlde, dus we moatte oplossings fine hoe't we de maatskippij draaiende hâlde kinne ûnder dy kondysjes."

Ynsette op mear romte yn it Noarden

Kleinhuis bepaalt net sels oft de regels lichter wurde, mar mei foarsitter Sybrand Buma fan de Veiligheidsregio wol er wol dat it Noarden wer wat romte krijt. "Mar allinnich as dat kin sûnder dat it minsken út oare parten oanlûkt, want we moatte reisbewegings foarkomme. We sjogge der wol nei en yn it lanlike oerlis komt dat ek grif op tafel."

It wurdt ek saak om te sjen nei de strange besikersregeling dy't jildt foar fersoargingshûzen, fynt Kleinhuis. Dy binne al oardel moanne ticht. "Dat bliuwt skrinend. Wolle je dat ferromje, dan moat dat wol ferantwurde gebeure. Ik hoopje dat we der in oplossing foar fine kinne, want it soe in soad minsken helpe."

Wim Kleinhuis oer de coronasifers

(advertinsje)
(advertinsje)