Eltsenien kin meiprate oer de enerzjytransysje: "Het is een opgave van alle Friezen"

04 maaie 2020 - 11:25

Hoe wolle Friezen belutsen wurde by de plannen foar skjinne enerzjy? Dat wie de fraach yn de online enkête oer hoe't Fryslân ta moat op duorsume enerzjy. Der leit yntusken in konseptplan klear, de saneamde Regionale Enerzjy Strategy. Dat heart as in 'fier-fan-dyn-bêd-sjo', mar neat is minder wier, fynt de Ljouwerter wethâlder Bert Wassink. "Het is een opgave van alle Friezen."

Griene enerzjy - Foto: Shutterstock.com

De RES is de Fryske útwurking fan it Nationaal Klimaatakkoord, dat makke is troch de provinsje, de gemeenten, Wetterskip Fryslân en netbehearder Liander. Foar de útfiering wolle de Fryske oerheden graach witte wat de ynwenners fan Fryslân der fan fine. "We willen graag met mensen in gesprek gaan het komende jaar over hoe moet die energie voorziening in Fryslân er in de toekomst uit gaan zien?", seit Ljouwerter wethâlder Bert Wassink. "En dan wil je weten hoe mensen daar over mee willen praten en beslissen."

"Opgave van alle Friezen"

Neffens Wassink is it wichtich dat Friezen harren miening jouwe oer it ûnderwerp. "Wat we in Fryslân aan opgave hebben, is iets van alle gemeenten en alle Friezen. Dat betekent dat alle 18 gemeenten op hun eigen manier met hun eigen inwoners in conclaaf moeten gaan."

Der leit al in konsept klear foar de RES, mar Wassink seit dat dat net betsjut dat minsken neat mear yn te bringen hawwe. "Het concept dat we nu in Fryslân hebben, is niet zo heel spannend, dat is eigenlijk een optelsom van beslissingen die al genomen zijn. Maar we willen kijken wat we nog meer kunnen doen, zeker op de langere termijn. Daar willen we zo goed mogelijk over in gesprek gaan."

Bert Wassink oer de Regionale Enerzjy Strategy

(advertinsje)
(advertinsje)