Trije ynwenners Achtkarspelen oanholden om hannel yn harddrugs

De plysje hat trije ynwenners fan Achtkarspelen oanholden op fertinking fan it hanneljen yn harddrugs. It giet om in jonge fan 16 jier en manlju fan 19 en 31 jier. Se binne oanholden nei't de plysje klachten en ferklearringen fan tsjûgen krigen hie.
Ketamine © ANP
By alle fertochten hat de plysje drugs yn beslach nommen. It gong om in lytse hoemannichte hard- en softdrugs by de fertochten fan 16 en 31 jier. By de man fan 19 jier gong it om LSD, ketamine, 3,8 liter GHB en hast in heale kilo speed. Hy sit noch fêst.
De plysje slút net út dat se yn deselde saak noch mear minsken oanhâlde.