Op it wetter de Twadde Wrâldoarloch belibje? It kin mei 'Far dy frij'

04 maaie 2020 - 10:51

Op it wetter de Twadde Wrâldoarloch belibje: it kin no mei de ynteraktive farrûte 'Far dy frij'. Yn de tsien kilometer lange rûte kinne boatsjefarders op de telefoan ferhalen lêze en hearre oer de oarloch yn Aldegea (Súdwest-Fryslân), Idzegea en Sânfurden.

Foto: Aldegea 75 jier frij

Op de rûte hearre minsken ûnder oare de ferhalen oer ûnderdûkers yn it gebiet, it út it spoar reitsjen fan in Dútske trein en it yn brân stekken fan in buorkerij. De farrûte is ûntwikkele nei oanlieding fan it boekje 'Jou it Troch', mei ferhalen oer wat der yn de Twadde Wrâldoarloch bard is yn Aldegea. It ferhaleboekje mei ferwizings nei de ynteraktive rûte is te keap yn de doarpen.

(advertinsje)
(advertinsje)