Liveblog | 4 maaie 2020

Coronanijs fan 4 maaie: Deadebetinking sjocht der yn coronatiid oars út as oars

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Lêst bywurke: 4 maaie 2020, 22:59
moandei 4 maaie 2020
22:30

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan moandei 4 maaie oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje:
Tank foar it folgjen fan dit liveblog. Tiisdeitemoarn is der wer in nij liveblog mei dêryn it lêste coronanijs.
22:26

De betinking yn Harich wie yn it hiele doarp te folgjen fia speakers

In bysûndere betinking yn Harich dit jier. Oeral yn it doarp stiene speakers, sadat elkenien de betinking út de eigen foartún wei meiharkje koe. By de tsjerke, yn it midden fan it doarp, waard in ferhaal ferteld oer in jongen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch deasketten is. Dêrnei klonk it taptoe, wiene der twa minuten stilte en song elkenien mei mei it Wilhelmus.
22:00

Sa waard der yn Fryslân stilstien by Deadebetinking

Rûnom yn Fryslân waard moandeitejûn stilstien by Deadebetinking. Dy seach der dit jier, yn ferbân mei de maatregelen rûnom it coronafirus, lykwols oars út as oars. Op ferskate plakken yn de provinsje waarden yn besletten rûnte krânsen lein, taspraken hâlden en twa minuten stilte hâlden.
Besjoch hjirûnder hoe't Fryslân stilstie by in dit jier unike Deadebetinking:
Sa stie Fryslan stil by Deadebetinking
22:15

Earewacht by betinking yn Hearrenfean

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean lei moandeitejûn ek in krâns foar Deadebetinking. Dat die er by it monumint oan de Van Maasdijkstrjitte op It Hearrenfean. Dêrnei kaam der in earewacht fan feteranen te stean by it monumint. Dy bleau dêr oant 20.15 oere.
© GrootHeerenveen
21:07

Deadebetinking yn Harns

20:36

Deadebetinking yn de Prinsetún

Yn de Prinsetún yn Ljouwet leine boargemaster Sybrand Buma en Kommissaris fan de Kening Arno Brok krânsen foar Deadebetinking.