Coronanijs fan 4 maaie: Deadebetinking sjocht der yn coronatiid oars út as oars
Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
- Rûnom yn de provinsje binne de deadebetinkingen oanpast fanwege it coronafirus;
- Flaggen meie de hiele dei healstôk hingje, normaalwei mei dat pas fan 18:00 oere ôf;
- Neffens de lêste sifers binne der yn Fryslân 63 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 518 besmettingen fêststeld;
- Der lizze 18 minsken op de intensive care yn Fryslân, dêrneist lizze der 15 coronapasjinten op oare ôfdielings;
- Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
- Sjoch op de kaart foar de aktuele situaasje yn dyn gemeente.
Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.
Oant safier dit liveblog fan moandei 4 maaie oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje:
- GGD Fryslân melde moandei gjin nije coronastjergefallen en -besmettings;
- Der lizze 18 minsken op de intensive care yn Fryslân, op oare ôfdielings lizze der 15 coronapasjinten;
- Fryslân stie stil by Deadebetinking, dy't der dit jier oars útseach as oars fanwegen de coronamaatregels;
- It Frysk Ljeppers Boun bûcht him oer de fraach hoe't de ljeppers har kwalifisearje moatte foar de FK en NK;
- Sikehûs Tjongerskâns pakt de tried wer op en begjint woansdei wer mei de reguliere soarch;
- Neffens ynternist-ynfeksjolooch Ymkje Stienstra lit in faksin noch wol efkes op him wachtsje.
Tank foar it folgjen fan dit liveblog. Tiisdeitemoarn is der wer in nij liveblog mei dêryn it lêste coronanijs.
In bysûndere betinking yn Harich dit jier. Oeral yn it doarp stiene speakers, sadat elkenien de betinking út de eigen foartún wei meiharkje koe. By de tsjerke, yn it midden fan it doarp, waard in ferhaal ferteld oer in jongen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch deasketten is. Dêrnei klonk it taptoe, wiene der twa minuten stilte en song elkenien mei mei it Wilhelmus.
Lês mear: Bysûndere betinking yn Harich: yn de eigen foartún meiharkje fia speakers
Rûnom yn Fryslân waard moandeitejûn stilstien by Deadebetinking. Dy seach der dit jier, yn ferbân mei de maatregelen rûnom it coronafirus, lykwols oars út as oars. Op ferskate plakken yn de provinsje waarden yn besletten rûnte krânsen lein, taspraken hâlden en twa minuten stilte hâlden.
Besjoch hjirûnder hoe't Fryslân stilstie by in dit jier unike Deadebetinking:
Sa stie Fryslan stil by Deadebetinking
Yn de Prinsetún yn Ljouwet leine boargemaster Sybrand Buma en Kommissaris fan de Kening Arno Brok krânsen foar Deadebetinking.
De Deadebetinking fan dit jier sil nei alle gedachten de skiednisboeken yngean as in uniken ien. Ek by de betinking op it Martiniplein yn Snits wie moandeitejûn mar in hantsjefol minsken oanwêzich. "It wie hiel sober, lyts en stil, mar ik fûn it ek wol wer yndrukwekkend", fertelt boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân.
It ferskil mei foarich jier is grut. De Vries: "Doe stie it Martiniplein fol mei minsken. Dat wie myn earste kear en dat wie sa'n yndrukwekkende betinking, mar no op syn eigen wize ek wer."
De betinking yn Snits wie om 18.00 oere al. "Sadat elkenien ek om 20.00 oere it nasjonale momint meimeitsje kin", leit de boargemaster út.
Boargemaster Jannewietske de Vries oer de betinking yn Snits
Besjoch boargemaster De Vries har taspraak hjir:
Wat bart der yn de ambulânse neidat se in fan corona fertochte pasjint ophelle ha? Ekelien Steensma fan Kijlstra Ambulancezorg lit yn har vlog sjen wat der allegear barre moat. Alles út de auto en dan wurdt it earst mei skjinmakmiddels en dêrnei mei gloar skjinmakke.