Deadebetinking yn Wolvegea wurdt opnaam foar minsken thús

Krekt as op in soad oare plakken binne der moandei 4 maaie deadebetinken yn de gemeente Weststellingwerf. Dy binne dit jier lykwols oars as oars. Dat hat fansels alles te krijen mei de coronamaatregels. Ynwenners fan Weststellingwerf meie net by de deadebetinking oanwêzich wêze, mar kinne op de webside de betinken letter weromsjen.
Deadebetinking yn Wolvegea
Boargemaster André van de Nadort leit út hoe't de deadebetinking der dit jier útsjen sil yn de gemeente Weststellingwerf. "We willen bij ieder monument een krans leggen, maar dan zonder publiek. We willen geen zaken organiseren waar mensen naar toekomen, maar we willen wel stilstaan bij de mensen die tijdens de oorlog voor ons gevallen zijn. Vandaar dat we er voor hebben gekozen om de dodenherdenking in Wolvega te filmen, zodat mensen deze bijeenkomst na afloop thuis kunnen bekijken. Zo hebben we een oplossing proberen te vinden."
Yn beheinde groepkes wurde op fjouwer ferskate plakken yn de gemeente krânsen lein. "Daarbij zijn we met heel kleine groepen", seit de boargemaster mei klam. "In Wolvega gaat het om iemand van het 4 en 5 mei-comité, de burgemeester, iemand van de India veteranen en een trompettist voor de last post."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Van de Nadort fynt it skande dat de betinking dit jier oanpast wurde moat. "Dit is een heel bijzonder jaar. Dan verwacht je tijdens zo'n kroonjaar veel belangstelling voor de dodenherdenking. Vandaar dat we voor deze oplossing hebben gekozen. We willen het respect tonen naar mensen die gevallen zijn. Dat is in deze tijd net zo belangrijk als anders."
De betinking yn Wolvegea wurdt net live útstjoerd, mar is nei ôfrin te finen op de webside fan de gemeente Weststellingwerf.
Boargemaster André van de Nadort
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De betinking wurdt opnaam troch immen dy't yn de hage leit.
Meine Jansma fan it 4 maaie-kommitee

Betinking op De Haule

De flagge hinget yntusken ek al healstôk by de tsjerke fan De Haule. Meine Jansma is fan it 4 maaie-komitee en leit út hoe't de deadebetinking yn it doarp der útsjen sil. "It wurdt hiel lyts, mar wy meitsje wol in ferslach foar de doarpskrante. Der binne mar in pear minsken oanwêzich en der is ek immen dy't it opnimt, mar dy sit achter de hage. Wy wolle der echt wol efkes omtinken oan jaan."
De deadebetinking is fan tefoaren besprutsen mei alle belanghawwenden. Jansma: "Wy ha de Feilichheidsregio frege oft se tastimming jouwe foar ús betinking. Wy dogge it optimale binnen de beheinings dy't der binne."
Meine Jansma út De Haule

Hoe sjocht yn dyn gemeente de deadebetinker der út?

Benijd hoe't yn dyn gemeente stil stien wurdt by de deadebetinking? Besjoch hjir de kaart.