Kollum: "Net sa TOF"

"Wêr't ik my foarige wike drok makke om ús eigen simmerfakânsjeplannen, hie 'k der efkes net by stilstien dat ek de fakânsjes foar minsken mei in beheining no skrast wurde. Ferline wike lies ik it berjocht dat de stichting TOF út Grou in skras set troch alle simmerfakânsjereizen foar minsken mei in beheining. Skande, want dizze doelgroep wurdt al sa hurd troffen. Eins sûnder dat wy dat merke.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Yn de media is der folop omtinken foar de ympakt fan de coronamaatregels op pasjinten yn sikehûzen en minsken yn âldereinhûzen. Dêrtroch ferjitte wy dat corona ek grutte ynfloed hat op de psychiatryske soarch en de soarch foar minsken mei in beheining. Ek hjir mei der gjin besite mear komme en moat elkenien binnen bliuwe. Gjin deibesteging, gjin hobbys, gjin famylje dy't lânskomt. In iensum bestean.
Ype van der Molen fertelde yn it berjocht oer de skraste fakânsjes fan TOF oer syn broer Hille, dy't dit jier in wike op fakânsje soe mei TOF. De wike dêr't syn broer it hiele jier nei útseach, giet dus net troch. Bring dat boadskip mar ris oer en besykje út te lizzen wêrom't dit beslút nommen is. Dat is net te dwaan. Dêrom hie Ype mar tsjin syn broer sein dat de kening de fakânsje dit jier net lije woe.
Dit ferhaal rekket my. Sels ha ik in kear meiwest mei in TOF-fakânsje en doe fernaam ik hoe wiis dizze minsken binne mei dy iene fakânsjewike. Alles mei, alles kin. Wy gongen te swimmen, nei de bistetún, sieten bûten hearlik te barbecuën, dronken jûns in drankje op it terras en koene de folgjende dei lekker útsliepe. Dat gefoel fan efkes neat hoege, wie geweldich. Presys sa't in fakânsje wêze moat.
Fansels, wy bale der fan as der in skras troch ús fakânsjeplannen giet. Mar it grutte ferskil is dat wy altyd sels noch op paad kinne. By ús thús leit der al in listje mei aktiviteiten op 'e finsterbank dy't wol kinne as de reis nei Oerisel net trochgiet. Fan sliepe yn 'e beamhutte oant útfanhûs by neefkes en nichtsjes. Mei oare wurden: wy rêde ús wol.
Mar dat kin net ast ôfhinklik bist fan frijwilligers dy't dyn fakânsje mooglik meitsje. Ast net sels efkes op 'e fyts stappe kinst foar in blokje om. Of yn de auto stappe nei famylje ta om útfanhûs. Sterker noch: dy famylje mei net iens lânskomme op dit stuit. Belje fia Skype is it iennichste kontakt datst hast. Dat makket my tryst.
Litte we njonken al dy minsken yn it sikehûs en de âldereinhûzen ek tinke om de minsken mei in beheining. Just dizze doelgroep dy't sa'n ferlet hat fan efkes krûpe, moat it no sûnder in dikke tút dwaan. Wat de oplossing dêrfoar is, ik wit it net. Mar wy meie se yn elk gefal net ferjitte."