Hoe komt it mei de kwalifikaasje foar it FK en NK fierljeppen?

04 maaie 2020 - 07:40

It Frysk Kampioenskip fierljeppen is útsteld nei 5 septimber. It NK fierljeppen stiet op 19 septimber pland. Mar hoe moatte de ljeppers har kwalifisearje as der fan 't simmer gjin wedstriden binne?

Foto: Martin de Jong

De simmer yn Fryslân sil der op sportyf mêd oars as oars útsjen no't alle grutte eveneminten oant 1 septimber skrast binne. Gjin skûtsjesilen, keatsen en fierljeppen yn augustus. Op ferskate wizen besykje de Fryske sportbûnen dochs noch wat fan it seizoen te meitsjen. Sa hat de KNKB de PC opskood nei ein septimber, en hat it Frysk Ljeppers Boun it FK op 5 septimber en it NK op 19 septimber ynpland. Mar dat ropt ek fragen op. Hoe moatte de ljeppers har bygelyks kwalifisearje foar dizze kampioenskippen as der gjin wedstriden hâlden wurde kinne dizze simmer?

Reaksje fan de foarsitter fan it Frysk Ljeppers Boun, Teije Dijk:

Bart Helmholt wol him fjouwer jier nei syn fierljep-ôfskied noch ien kear pleatse foar it NK fierljeppen yn Burgum. Hy frege syn âld-coach Arend-Tjeert Hofstee en âld-kondysjetrainer Geert Hommes oft se dat trajekt mei him yngean wolle. Betingst wie wol dat Helmholt it nivo noch helje kin om de konkurrinsje oan te gean mei de hjoeddeistige toppers. Dat waard sneon test yn in training op de skânzen yn Burgum, en it resultaat stimde it trio tefreden.

Reaksje Bart Helmholt nei de test-training:

(advertinsje)
(advertinsje)