Coronafirus sit plantsjen fan seewier op it Waad yn it paad

Wa't wit wêr't er sykje moat, kin by it Waadeilan Gryn in seewierfjild fine op in drûchfallen plaat. It is it bewiis dat de wittenskippers dy't dit seewierfjild oanlein hawwe, nei jierren fan ûndersyk no witte hoe't sy dat seewier wer werom krije kinne op it Waad. Mar krekt op it momint dat sy dizze metoade kommende maitiid grutskalich ynsette soenen, drige de coronakrisis dat ûnmooglik te meitsjen. Mei in soad ymprovisaasje is it dochs slagge.
Coronafirus sit fjildwurk wittenskippers yn it paad op it Waad
Laura Govers wurket foar de Rijksuniversiteit Groningen en it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ). As projektlieder moast sy rap skeakelje doe't de beheinings troch de coronakrisis fan krêft waarden. "We konden gelukkig net op de valreep toch gaan zaaien en we hadden best wel wat mankracht nodig. Maar we moesten ons team dat uit twintig mensen bestond met de helft reduceren. En we moesten voortijdig terug komen omdat de maatregel tegen samenscholingen werd genomen. Dat was wel even spannend, maar het is gelukt!"

Coronabeheinings

Mar dêr is it net by bleaun, seit Govers: "We zijn nu ook bezig om die werkende methode op verschillende plekken op het Wad toe te passen. Dat is aan de Groninger kust, op het Balgzand, op Vlieland en daar zijn we nog met hele kleine teams geweest. Dus met twee mensen hebben zo goed als het kon toch gezaaid."
Seewier plantsjes op it Waad © Laura Govers
Sy is optein dat it mei alle beheinings dochs slagge is. "Ik ben ontzettend blij dat het gelukt is. Anders is er een heel veldseizoen verloren. We zijn net goed op gang gekomen. Ook op Griend begint zich na onze experimenten van de vorige jaren ook een veld te ontwikkelen. Het was echt een groot verlies geweest als we niet door hadden kunnen gaan."
Trochdat sy earder fuort moasten, koe net al it seewiersied by Gryn brûkt wurde; dêr is no in kwart bunder seewierfjild oanlein. It sied dat sy by Gryn net kwyt koenen, hat in oare bestimming krigen. Takom jier wolle sy it wurk by Gryn wol ôfmeitsje.
Seewier plantsjen © Laura Govers
Uteinlik moat al dit wurk der ta liede dat seewierfjilden op drûchfallende platen harren sels yn stân hâlde kinne en sels útwreidzje. Dat is wichtich foar de natuer yn it Waad. It grut en lyts seewier is nei de bou fan de Ofslútdyk foar it grutste part út Waad ferdwûn. It sied dat no brûkt wurdt, komt út Dútslân. Dêr, en yn Denemarken, is noch wol seewier te finen. Plakken as de Wierschuur op Skylge meitsje dúdlik dat it hjir ek ea oeral op it Waad te finen wie; benammen ûnder wetter.
En it seewier hat in dúdlike funksje, seit Govers. "Zeegras is een biobouwer. Dat betekent dat het zijn omgeving kan veranderen. Als je hoge dichtheden zeegras hebt, kan het bijvoorbeeld de helderheid van het water veranderen door de stroming te remmen. En het zorgt voor een anti-erosielaag. Het kan ook een belangrijke kraamkamer zijn voor jonge vis."
Laura Govers fan it NIOZ