Needgjalp ûndernimster Moniek Miedema: "De gemeente Leeuwarden geeft geen sjoege"

04 maaie 2020 - 07:24

"Het water staat ons aan de lippen als ondernemers, maar we horen maar niets van de gemeente Leeuwarden. Dit houden we zo niet lang vol." Dy needgjalp docht ûndernimmer Moniek Miedema. Miedema is eigener fan de seis kleanwinkels mei de namme ByOni, wêrfan't der ien yn Ljouwert sit. Se hat de gemeente Ljouwert om finansjele stipe frege, mar noch altyd neat heard. "Dat is toch niet normaal?"

Foto: Omrop Fryslân

Miedema seach har omset troch it coronafirus ynienen fuortfallen. Se hat fuortendaliks stipe oanfrege by de gemeente Ljouwert, mar hat noch altyd neat heard. "Ik hoor helemaal niets. Niets. Ik heb er achteraan gebeld en mails gestuurd. Wat blijkt: Leeuwarden schijnt drie weken achterstand te hebben. Waar andere gemeentes het wel op orde hebben, lopen ze hier drie weken achter. Ik wil niet zeggen dat ze niets doen, maar ik hoor maar niets. Stuur me dan een mail met daarin uitleg waarom het langer duurt."

Knokke foar dyn bedriuw

Miedema wie neffens eigen sizzen ien fan de earste ûndernimmers dy't har oanmeld hat foar finansjele stipe. "Het is knokken om je bedrijf overeind te houden. Dit is voor mij de moeilijkste tijd. We hebben net ingekocht voor de zomer, de nieuwe collectie. Mijn geld zit vast, maar mijn personeel moet betaald krijgen en de huur gaat door. Dan wil je wel wat van de gemeente horen."

Buma bliuwt stil

De ûndernimster hat grutte soargen oer hoe't it mei har kleansaken komt. Ek as se wol finansjele stipe krijt. "Wopke Hoekstra heeft gezegd: we hebben diepe zakken, we gaan jullie allemaal helpen. Maar met die 4000 euro die we kunnen krijgen, kan ik niet eens mijn stroom en licht betalen. En we hebben ook nog steeds niets van Buma gehoord. Leeuwarden is een stad waar we zomers op toeristen draaien. Hoe gaan we dat deze zomer doen? Wat gaat er gebeuren? De gemeente mag nu wel eens voor ons als ondernemers opkomen. Dit houd ik zo niet lang vol. Ik zie het somber in als er niet snel hulp komt."

De gemeente Ljouwert is om in reaksje frege, mar koe noch gjin reaksje jaan.

Undernimster Moniek Miedema

(advertinsje)
(advertinsje)