'Fryske' fjildûle Romke fljocht fan Afrika nei Ruslân

04 maaie 2020 - 06:58

Mei it ferdwinen fan de grutte oantallen mûzen is Fryslân in stik minder oantreklik foar de tige seldsume fjildûle. Dêr't de fjildûle ferline jier noch folop oan it brieden wie yn Fryslân, is dat no wol oer. Dat seit Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek. Om dizze swalkjende rôffûgel te folgjen, krige de Fryske fjildûle mei de tapaslike namme 'Romke' in stjoerderke om. Op it stuit is er yn it suden fan Ruslân te finen.

Fûgelûndersiker Romke Kleefstra dêr't de fjildûle nei ferneamd is - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Romke de fjildûle krige yn 2019 yn de Wynserpolder in stjoerderke mei. Undersiker Kleefstra oer wat der dêrnei barde: "Hy wie earst yn Libië en dêrnei yn Tunezië en Algerije. In lytse moanne lyn is er nei it Italiaanske eilân Sisilië gong. Dêr hat er in skoftke omhongen. Doe is er ynienen fia Súd-Italië oerstutsen nei de Balkan. Hy is ûnder oaren nei Servië en Bulgarije gong, bedarre op de grins fan Oekraïne en Roemenië en is no trochsetten nei Súd-Ruslân en it liket der op dat er dêr briede sil."

Dochs hawwe de fjildûlen Fryslân net hielendal ferlitten. Dus freget Sovon de minsken dy't dizze moanne de greiden meanen wolle om út te sjen nei nêsten en dy te beskermjen.

Genôch bûtenlânske mûzen

De mûzestân mei yn Fryslân dan ynstoarten wêze, dat jildt net foar alle plakken yn Europa. Kleefstra: "Yn Ingelân en Skotlân is no ek in útbraak fan mûzen lykas wy ferline jier hienen. Dêr briede op it stuit ek in hiele bulte fjildûlen en guons hawwe ek al hiele grutte jongen. Sy binne dêr yn febrewaris al begûn mei it lizzen fan aaien."

Fûgelûndersiker Romke Kleefstra

(advertinsje)
(advertinsje)