Arsjitekte Nynke-Rixt Jukema komt mei sitbank foar 'oardelmetermienskip'

04 maaie 2020 - 06:48

Arsjitekten en stêdeboukundigen moatte mear neitinke oer de nije ynfolling fan iepenbiere romtes en gebouwen. Dat fynt de Fryske arsjitekte Nynke-Rixt Jukema. Sels hat se in sânpersoans sitbank betocht foar yn de oardelmetermienskip.

Arsjitekten folje nije iepenbiere romte yn

Faak binne arsjitekten te bot bûn oan in opdrachtjouwer, mar der lizze yn dizze tiid in soad nije boukundige útdagingen, fynt Jukema. Sa binne liften of sitbankjes bygelyks net mear brûkber yn coronatiid, omdat minsken dan te ticht byinoar binne.

Nynke-Rixt Jukema mei in skaalmodel fan har bank - Foto: Ronnie Porte

Jukema: "Ik soe it hiel leuk fine as wy wer stêdeboukundich neitinke meie oer fragen lykas: moatte we wol steapelje, kinne we ek mear grondgebonden wenje (op ien of twa wenlagen, red.), moatte we net mear neitinke oer hoe't wy mei tunen wurkje kinne? Ik tink dat it hiel ynteressant is om dêr yn dizze tiid nei te sjen."

Bank fan de Nije Werklikheid

Jukema har sânpersoans sitbank is rûn en hat in trochsneed fan 4,5 meter. It is basearre op de Fryske 'leugenbankjes'. Automatysk sitte je 1,5 meter fan inoar ôf. Jukema: "Ik fyn it belangryk dat we meiinoar wer yn petear gean, dat we dochs nei bûten gean, ek yn dizze maatskippij."

Sponsorjild foar de earste Bank fan de Nije Werklikheid is der al fan in ICT-bedriuw. Der wurdt plak foar de bank socht yn Snits.

Arsjitekte Nynke-Rixt Jukema

(Advertinsje)
(Advertinsje)