50PLUS-Steatelid Theun Wiersma oer nije partij Henk Krol: "Ik leau net dat hy it rêdt"

04 maaie 2020 - 06:25

It fuortgean fan Henk Krol as foaropman fan 50PLUS komt net as in ferrassing foar Theun Wiersma. Wiersma sit foar 50PLUS yn de Fryske Steaten en seach it beslút fan Krol wol oankommen. "Hy hat al dy tiid de skyn ophâlden dat er wol fierder woe." Dochs is Wiersma net rouwich om it opstappen fan Krol. "Der is foar ús in nije takomst."

It mocht foar de media snein as in folsleine ferrassing komme dat Krol ophâldt en foar himsels begjint, mar foar Wiersma en kollega's siet it nijs der oan te kommen. "It geroft gong al in bytsje rûn dat er foar himsels begjinne woe. Jo hoopje altyd dat jo der mei syn allen útkomme. Dat like der ek op, mar dat is net slagge. Dat snein it berjocht kaam dat hy syn eigen partij starte wol, wie gjin ferrassing. Hy wie der al mei dwaande."

"Net ien is 'houdbaar'"

Dochs is Wiersma net te sprekken oer de wize hoe't Krol it oanpakt hat. "Dit falt my bot fan him tsjin. Hy hat de ôfrûne dagen noch hiel lang de skyn ophâlden dat er fierder woe, wylst er al in webside oanmakke hie foar syn nije partij. Dat is net netsjes." Dochs bringt it opstappen fan Krol ek nije mooglikheden, fynt Wiersma. "Wy sille op syk moatte nei in nei boechbyld. Sa simpel is dat. Net ien is 'houdbaar', we sille no allinnich wat earder op syk moatte nei in oar."

"Ik leau net dat hy it rêdt"

Sels hat Wiersma gjin ambysjes om it nije boechbyld te wurden. "Ik fyn it te moai om hjir yn Fryslân aktyf te wêzen. As ik nei Fryslân sjoch, dan sit ik hjir mei in prima ôfdielingsbestjoer." By de ferkiezings ferwachtet Wiersma net dat it ynfloed ha sille. "Der sille in oantal minsken meigean mei Krol, mar ik leau de rnet yn dat hy it rêdt."

Steatelid Theun Wiersma fan 50PLUS

Theunis Wiersma - Foto: 50PLUS

Geert Dales

Der wie al in skoft in konflikt tusken de foarsitter fan de Twadde Keamerfraksje en oare 50Plus-Keamerleden en regiofoarsitters. Dat wie nei oanlieding fan spul oer it feit dat partijfoarsitter Geert Dales (âld-boargemaster fan Ljouwert) in goai dwaan woe nei in sit yn de Twadde Keamer. Krol stie oan de kant fan Dales. Oaren net.

Sinjalen

Theun Wiersma, dy't foar de partij as ienmansfraksje yn Provinsjale Steaten sit, fynt it spitich dat it allegear sa rint. Hy is lykwols net ferrast troch it opstappen. "Der wiene al lytse sinjalen dat dit deroan siet te kommen" seit Wiersma. "We sille no de wûnen wer tichthechtsje moatte".

Neffens him feroaret der foar 50Plus yn Fryslân net safolle. Se gean gewoan troch, mar it hat wol syn útstrieling op de partij, tinkt er. Wiersma sit der in bytsje dûbeld yn. It is spitich, mar it kin ek net oars, seit er. It is de fraach hoelang oft 50Plus oars noch mei de 70-jierrige Krol (70) as boechbyld fierder gean wollen hie, seit Wiersma.

Henk Krol giet út de fraksje en rjochtet in eigen partij op. Hy nimt syn sit wol mei en bliuwt Twadde Keamerlid. It fraksjelid Merel van kooten Arissen slút har by him oan. Dat fynt Wiersma net korrekt. Neffens him is it 'zetelroof'. De partij hat ek yn him ynvestearre, ek al docht Krol as is er de partij is. As jo dan fuortgean, moatte jo jo konklúzje lûke, fynt Wiersma, en út de Keamer weigean.

(advertinsje)
(advertinsje)