Dronken man wol plysjes 'troch de kop sjitte'

03 maaie 2020 - 20:53

De plysje fan Ljouwert hat in man út Snits oanholden, dy't drige se 'door de kop te schieten'. Dat meldt de plysje. De man hie gjin wapen by him.

Foto: ANP

Neffens de plysje hie de man fan 59 tefolle dronken. Midden yn de nacht krige er rúzje oer in rit yn in taksy. Dêr kamen de plysjes op ôf. Dat wie yn de wyk Heechterp.

De fertochte wie neffens de plysje "erg dronken" en "vervelend aanwezig". Nei in warskôging gong er op de bon foar iepenbiere dronkenskip. Dêrnei begûn er de plysjes te misledigjen, en hy drige ek in wapen op te heljen en de plysjes dea de tsjitten. Se ha de man oanholden.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)