Brân yn dongsilo fan bedriuw mei tûzenen piken yn Stiens

03 maaie 2020 - 21:16

Meardere brânwachtkorpsen binne útriden fanwege in brân yn Stiens. De brân soe ûntstien wêze yn it dak fan in dongsilo. Dat meldt in wurdfierder fan de brânwacht.

Foto: ProNews

Neffens in tsjûge gong it om in útslaande brân. Dêr kaam ek in protte reek by frij. It liket derop dat der net ien ferwûne rekke is. De brânwacht hie it fjoer fluch ûnder kontrôle.

It bedriuw soe melkkij ha, en tûzenen piken. Neffens de brânwacht binne de ferbliuwen fan de bisten net by de brân belutsen, en bleaun it fjoer beheind ta de silo.

De oarsaak fan de brân is net bekend.

Trefwurden: 
brân Stiens
(advertinsje)
(advertinsje)