Populêr Omropradioprogramma Prelude kin coronafersykjes net mear oan

03 maaie 2020 - 17:41

De redaksje fan it radioprogramma Prelude kin it oantal fersykjes eins net oan. Der komme no safolle kaarten, brieven en berjochten binnen, dat se net allegearre meinaam wurde kinne yn it programma.

Programmamakker Aise van Beets fan Prelude - Foto: Omrop Fryslân

Prelude is in programma fan in oere, mei geastlike muzyk, lykas koraalmuzyk fan koaren en korpsen út Fryslân. Alle wiken is der in oertinking. It programma wurdt sneins útstjoerd, om acht oere moarns.

It programma bestiet al jierren, mar dat der safolle fersykjes binnen komme, har de redaksje noch noait belibbe. De programmamakkers tinke dat it troch de coronakrisis komt. Minsken kinne mekoar no minder maklik sjen, en dan kin in fersykje in hert ûnder de riem wêze.

Wa't in geastlik fersyknûmer oanfreegje wol, kin dat dwaan fia de webside fan Prelude. Dêr binne alle útstjoeringen ek werom te hearren.

As je nei it merkoandiel sjogge, is Prelude fierwei it populêrste programma fan Omrop Fryslân. Yn 2016 makken we dêr dizze reportaazje oer.

(advertinsje)
(advertinsje)