GGD: Yn totaal 63 Friezen ferstoarn oan coronafirus

03 maaie 2020 - 20:15

Der is yn de ôfrûne 24 oeren ien nije melding binnenkaam fan in Fries dy't ferstoarn is oan it coronafirus. Dat meldt de GGD. Dêrmei komt it totale stjertesifer yn Fryslân te stean op 63.

Foto: ANP

De GGD meldt ek ien nije coronabesmetting. Dat totaal stiet yn Fryslân no op 518. Dizze sifers sizze neat oer it totale oantal besmettingen yn Fryslân, omdat lang net elkenien test wurde kin.

Om te beoardielen oft de fersprieding fan it firus ôfnimt, sjocht it RIVM benammen nei it oantal nije sikehûsopnames. Fryske sikehûssifers koe in wurdfierder fan de GGD nei in fraach fan Omrop Fryslân net jaan. Nasjonaal binne der snein 44 nije sikehûsopnames meld. Sûnt 17 maart wie dat oantal net sa leech.

Op de intensive care-ôfdielingen fan de Nederlânske sikehûzen lizze no noch 688 coronapasjinten. Dat meldt it lanlik koördinaasjesintrum pasjintesprieding.

"De verschillen in bezetting tussen de regio's zijn nu acceptabel", seit de foarsitter, Ernst Kuiper. "De meeste regio's liggen nu onder de 100 procent van de normale IC-capaciteit."

Trefwurden: 
GGD coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)