KAART: Sa betinkt Fryslân de oarlochsslachtoffers op 4 maaie

Hiel Fryslân stiet moandei 4 maaie stil by de betinking fan de oarlochsslachtoffers, mar troch de coronakrisis kin dat net lykas oars mei publyk. Dêrom passe gemeenten de betinkingen oan. Sa wurdt yn de iene gemeente by alle monuminten in krâns lein en docht de oare gemeente it benammen online. Benijd hoe't yn dyn gemeente stilstien wurdt by 4 maaie? Besjoch it op ús kaart.
Op ûndersteande kaart is te sjen hoe't der betocht wurdt yn dyn gemeente:
De measte gemeenten kieze derfoar om de betinkingen trochgean te litten, mar sûnder publyk fansels. Sa is yn Smellingerlân de krânslizzing en de taspraak fan de boargemaster live te folgjen op harren Facebookside.
Yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel wurde by alle monuminten troch twa minsken yn stilte krânsen lein en wurdt de Last Post spile. Ek dizze betinkingen binne sûnder publyk. De lokale omrop RTV NOF stjoert in spesjaal betinkingsprogramma út.
© Omrop Fryslân
Yn Opsterlân bringt boargemaster Ellen van Selm om 17.00 oere in fideoboadskip op de webside fan de gemeente.
Boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân sil om 18.00 oere in krâns lizze by it monumint op it Oud Kerkhof yn Snits. Hjirnei leit se ek by oare plakken yn de stêd in krâns. Dit wurdt opnommen en is jûns op de sosjale media en webside fan de gemeente te sjen.
De gemeente Skylge kiest derfoar om gjin gemeentlike betinking te hâlden, mar ropt op om de lanlike betinking op telefyzje te folgjen.

Flagge healstôk

It Nasjonaal Komitee 4 en 5 maaie ropt de Nederlanners op om dit jier de flagge de hiele dei healstôk te hingjen. Op de webside fan it komitee kinst in 'ik herdenk-poster' ophelje en dy foar rút hingje, mochtst gjin flagge úthingje kinne en dochs belutsenens oanjaan wolle by 4 en 5 maaie.
Omrop Fryslân stjoert yn gearwurking mei de LC en Podium TV in oanpaste Deadebetinking út yn de Prinsetún yn Ljouwert. Kommissaris fan de Kening Arno Brok en boargemaster fan Ljouwert Sybrand Buma sille yn besletten rûnte krânsen lizze by it monumint. Der is ek in taspraak fan de kommissaris. Iris Kroes sil it Wilhelmus sjonge. Fan 19.30 oere ôf is de betinking live te folgjen op ynternet, telefyzje en de Omrop-app.