Tsjûgen socht fan bedriging yn Surhústerfean

03 maaie 2020 - 11:49

De plysje Noardeast-Fryslân is op syk nei tsjûgen fan in bedriging, sneontejûn yn Surhústerfean. Om tweintich oer achten waard in man yn syn auto bedrige troch ynsittenden fan in oare auto. Dat barde oan de Zonneweide.

Foto: Google Streetview

Wa't hjir wat fan sjoen of heard hat kin kontakt opnimme mei de plysje op it nûmer 0900 8844. Oer de oanlieding of omstannichheden fermeldt de plysje fierders neat.

(advertinsje)
(advertinsje)