De weromkear fan Joadske bern by Buro de Vries

De byienkomsten fan "De terugkeer van de Joodse Kinderen" gean net troch dizze maitiid. Gjin muzykteäter, gjin lêzings, gjin foto-útstalling. En ek gjin 'Dei fol ferhalen', dy't oars op snein 3 maaie holden wurde soe.
Joadske bern, dy't yn de oarloch opfongen binne by Fryske pleechgesinnen, soene weromkomme nei Fryslân. Ut Nederlân, soms sels út Amerika of Israël, om elkoar te moetsjen en harren ferhaal te fertellen foar publyk. De coronakrisis hat it bedoarn.

Jan Binnema brûkt leaver syn Fryske namme

Jaap en Tine Binnema wenje op in grutte pleats tusken Ferwert en Blije. Se hawwe gjin bern. Oant sy oan de ein fan 1943 de soarch krije oer in lytse poppe fan seis wike âld. In Joadsk jonkje út Amsterdam. It jonkje bliuwt by de Binnema's, oant nei de oarloch syn eigen mem him wer opsiket oan de Ferwerterryp en him wer meinimme wol. Dat is net maklik, want de Binnema's binne hechte oan it lytse jonkje, dat se 'Jan' neamd hawwe.
Jan Binnema by de pykjes © Famyljefoto
Harkje nei it ferhaal fan Jan Binnema
Jan moát wol mei mei syn mem, mar hy komt alle simmers dêrnei útfanhûs op de pleats. 75 jier nei de oarloch fertelt Jan Binnema foar it earst syn persoanlik skiednis. Dêrby brûkt er leaver syn Fryske namme as syn echte namme.

Katja wist neat oer har famylje

It is 5 desimber 1943, Sinterklaasjûn. In lyts Joadsk famke fan krekt twa jier âld wurdt brocht by de famylje Molewijk oan de Sportlaan yn Ljouwert. Har namme is Kitty, mear wurdt der net by sein. It echtpear Gerard en Grietsje Molewijk hawwe al twa grutte jonges, Sipke fan 19 jier en Aant fan 14 jier. Se betinke dat it blonde famke mei blauwe eagen best trochgean kin foar in evakueetsje ut Enschede. Sipke betinkt de achternamme: De Jong. It lytse suske Kitty groeit op by de famylje Molewijk.
Katja (Kitty) doe't se 3 jier wie © Famyljefoto
Harkje nei it ferhaal fan Katja Pront-de Jong
Nei de oarloch bliuwt Katja, sa't se eigentlik hjit, yn Ljouwert. Dat har âlders net Gerard en Grietsje Molewijk binne, mar Levie Izaak de Jong en Roza van Tijn, en dat dy om it libben brocht binne yn kamp Sobibor, dêr komt se pas folle letter achter. Lang wit Katja hielendal neat oer harsels. Net har namme, neat oer har âlders of oer de rest fan har famylje. Pas as har foto herkend wurdt troch in âld-omke, wurdt alle stikje by bytsje dúdlik.

Hielke Brouwer holp mear as hûndert ûnderdûkers

Hielke Brouwer út Twizel is in man dy't net folle seit mar in soad docht. Hy is elektrisiteitsman en giet by de doarren lâns om de meters op te nimmen. Hy hat dus in grut netwurk. Sa slagget hy der yn om in protte adressen foar ûnderdûkers te finen. Net allinnich Joadske bern, mar ek fersetsminsken, of mannen dy't har ferskûlje moasten foar de Arbeitseinsatz.
Hielke en zijn dochter Jantsje Brouwer. Op de bank Gelske, Marthi en Jolijn. © Familiefoto
Harkje nei Marthi Heshler-de Wilde oer Hielke Brouwer
It hûs fan Hielke Brouwer en syn frou Gelske en harren dochter Jantsje is in 'trochgongshûs'. De ûnderdûkers sliepe der in pear dagen en dan wurdt earne oars nij ûnderdak foar socht. Mar de Joadske suskes De Wilde út Amsterdam by de Brouwers. Marthi is 8 en Jolijn 5 jier, as se yn 1943 troch Hielke nei Twizel helle wurde. Se bliuwe oant de befrijing by harren.

Ruth de Jonge, in ûnbekende fersetsheldin

As de famylje fan de Joadske Ruth de Jonge ûnderdûkt op it Hearrenfean, giet dochter Ruth net mei. Sy bliuwt by fersetsman Krijn van der Helm. Sy is dan begjin tweintich en se beslút him mei te helpen. Se registrearret Joadske bern dy't fan Amsterdam nei Fryslân smokkele wurde, en se wurket as koerierster. Se is der ek by as Krijn van der Helm deasketten wurdt. Mar Ruth de Jonge hat der noait oer praat. Wylst Krijn van der Helm bekend wurden is as fersetsheld, is Ruth ûnbekend bleaun.
Ruth de Jonge, 20 jier © Famylje de Jonge
Harkje nei it ferhaal fan Ruth de Jonge
Ruth is no 99 jier en se wennet yn Amearika. Har dochter Rachel wit pas sûnt koart wat har mem dien hat. Har nicht Friedi de Jonge út Amstelveen hat yn in kistke mei dokuminten út de oarloch weromfûn. No pas falle dingen op har plak. Friedi de Jonge en har man Robert Verhoeven wolle graach dat Ruth de Jonge erkend wurdt foar har fersetswurk.

'Het kind is er nog' yn Ychten

In monumint is konkreet, it helpt om wichtige saken út it ferline in plak te jaan. Der binne hiel wat oarlochsmonuminten yn Fryslân, grut en lyts. Yn Ychten stiet in monumint foar minsken dy't Joadske bern holpen ûnder te dûken. It is it ynisjatyf fan Loek Groenteman, dy't hjir ûnderdûkt siet by Siemen en Hielkje Visser. It byld stiet er sûnt 2009 en is no as oarlochsmonumint adoptearre troch de gemeente De Fryske Marren.
Elise Groenteman bij het beeld 'Het kind is er nog' © Gerko Jonker
Herkje nei it ferhaal fan Elise Groenteman
Loek Groenteman ferstoar yn 2016. Foar syn dochter Elise hat it byld in grutte betsjutting. Yn har wurk as ynspekteur by de plysje fan Amsterdam komt dy betsjutting ek werom. It giet derom hoe't minsken mei elkoar omgeane, seit se. Elise Groenteman wol it ferhaal fan har heit en dit monumint libben hâlde.

Harry, de grutte broer fan Janny

Herman Lezer is de soan fan Jozef en Mary Lezer-Schwaab. Sy komme om it libben yn it konsintraasjekamp Auschwitz. Herman is fanút de kresj tsjinoer de Hollandse Schouwburg yn Amsterdam smokkele, en hat ûnderdak krigen by de famylje Jansma yn Haskerhoarne. Dêr binne nóch trije bern, en it Joadske jonkje wurdt 'Broer' neamd. Nei de oarloch wurdt Broer ophelle troch in famyljelid en giet er werom nei Amsterdam. De Fryske famylje fynt dat ferskriklik, foaral de bern.
Janny Jongsma en Harry Lezer © Famyljefoto
Harkje nei Janny Jansma oer Harry Lezer
Se hearre lange tiid neat fan him, ek net as er yn Austraalje wennet en dêr in nij libben opbout. Herman neamt himsels 'Harry'. Yn 1979 komt er foar it earst wer del by de famylje yn Fryslân. En sûnt dy tiid is it kontakt hiel goed. Jongste sus Janny hat in sterke bân mei him. Se belje of Skype alle wiken mei elkoar. 'Hy wie myn grutte broer,' seit Janny Jansma. 'En eins is hy dat noch.'

Yoka wenne op 12 ûnderdûkadressen

Yoka Brouwer is twa jier âld as har hiele famylje yn de ûnderdûk giet. Se is te lyts om te begripen wat se wol en net sizze kin. Dat jout risiko's. It gefolch is dat se hyltyd op ferskillende adressen ûnderbrocht wurdt.
Yoka Brouwer © Famyljefoto
Harkje nei it ferhaal fan Yoka Brouwer
Dat jout by har in soad spanning en angst. Yoka krijt it idee: as ik myn namme sis, gean der minsken dea. Se kin net ien mear fertrouwe, útsein harsels. Letter giet it goed mei Yoka Brouwer. Sy is psychotherapeut wurden en skriuwster. Se wennet yn Californië.

Iet van Dijk brocht Joadske bern de Iselmar oer

Yn it geheim waarden de Joadske bern fanút Amsterdam nei famyljes op it plattelân smokkele. Nei de Achterhoek, nei Limburg, mar ek hûnderten nei Fryslân. Dy waarden faak brocht troch studentes, dy't mei it bern op 'e earm of yn in tas of oan de hân mei de Lemmerboat nei Fryslân stapten. Iet van Dyk wie in medisine-studinte fan 22 jier, dy't mear as hûndert bern sa yn feilichheid brocht hat.
Iet van Dijk © Jan van Dijk
Harkje nei Jan van Dijk oer Iet van Dijk
Histoarysk ûndersyk fan Bert Jan Flim makke dúdlik hoe grut de rol fan Iet van Dijk wie. Har neef, Jan van Dijk, hat in boek oer har skreaun. Ferline jier krige se in Yad Vashem ûnderskieding fan de steat Israël.
Gerard van der Veer, Marja Boonstra, Wybe Fraanje, Martijn van Dijk en Karen Bies. © Omrop Fryslân
'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in projekt fan Stichting De Verhalen, Tresoar, Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad en Omrop Fryslân. De redaksje: Gerard van der Veer, Marja Boonstra, Wybe Fraanje, Martijn van Dijk en Karen Bies.