FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

Yn Fryslân ferfalle in soad tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst meimeitsje litte te kinnen, stjoert Omrop Fryslân alle sneinen live in tsjinst út. De tsjerketsjinst komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei en begjint om 10.00 oere. Foargonger is Roger Wind en Jochem Schuurman is de oargelist. Fierdere muzykale meiwurking oan dizze tsjerketsjinst is fan Roele Kok op de bas.
Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst. De tsjinst ek te sjen op Omrop Fryslân telefyzje en wurdt om 12.00 oere werhelle. Nei ôfrin is de útstjoering ek werom te sjen fia Utstjoering Mist.