Omrop Fryslân fersoarget ekstra live-útstjoeringen op 4 en 5 maaie

03 maaie 2020 - 09:00

It betinken op 4 maaie en it stilstean by 5 maaie sil dit jier in hiele oare ynfolling krije as oare jierren. No't hiel Fryslân thúsbliuwt soarget Omrop Fryslân der mei ferskate live-útstjoeringen foar dat elkenien út hûs wei, mei betinke en fiere kin.

Foto: Omrop Fryslân

4 maaie: deadebetinking

De betinking yn de Prinsetún yn Ljouwert is moandeitejûn live te sjen by Omrop Fryslân. Boargemaster Sybrand Buma en kommissaris fan de Kening Arno Brok lizze yn besletten rûnte in krâns by it fersetsmonumint yn Ljouwert. Nei de twa minuten stilte en it sjongen fan it Wilhelmus troch Iris Kroes, is de taspraak fan kening Willem-Alexander live te sjen. De betinking is fan 19.30 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

5 maaie: befrijingsdei

Tiisdei 5 maaie stean wy stil by it feit dat Nederlân 75 jier lyn befrijd waard. Dit jier gjin grut festival, mar wol in lytse besletten seremoanje. Om 10.00 oere wurdt it befrijingsfjoer yn Fryslân oanstutsen, kommissaris fan de Kening Arno Brok en boargemaster Sybrand Buma binne dêrby oanwêzich en sille Fryslân tasprekke. Elske DeWall sil in optreden fersoargje. De fiering is tiisdei 5 maaie fan 10.00 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online.

Noardewyn Live giet dit jier net troch, mar ynstee dêrfan giet Willem de Vries by artysten en dichters del. Under oaren WIEBE, Tim Birkenholz fan Electric Hollers, Boaz en Jankobus Seunnenga sille optrede. Neist muzikanten sille ek dichters harren opwachting meitsje, Gabriëlla Terpstra is ien fan harren. De optredens binne de hiele dei te hearren op radio en fan 13.00 oere ôf ek op telefyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)