Auto útbaarnd yn Kollum, brânstichting net útsletten

03 maaie 2020 - 08:20

Yn Kollum is sneontenacht in auto útbaarnd. In buertbewenster soe in knal heard hawwe oan de Waling Dykstrastrjitte en seach dêrnei in auto yn de brân stean.

Foto: De Vries Media

Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen út it dak. By it útmeitsjen fan de brân kaam in soad reek frij, mar de brânwacht hie it fjoer frij rap ûnder kontrôle.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân. Brânstichting wurdt net útsletten.

Trefwurden: 
auto Kollum brân
(advertinsje)
(advertinsje)