Coronanijs fan snein 3 maaie: "Net te bewizen dat ôfwikend testbelied soarge foar minder deaden"

03 maaie 2020 - 18:31

Yn dit liveblog melden we it lêste nijs oer it coronafirus.

  • In spesjalist út Utrecht seit dat it net fêststiet dat it Noardlik testbelied de oarsaak is fan relatyf geunstige sifers;
  • In Fryske coverband hat in geheime oardelmetertoernee makke troch meardere provinsjes hinne;
  • It radioprogramma Prelude krijt safolle fersykjes, dat de redaksje it net oan kin;
  • Neffens de lêste sifers binne der yn Fryslân 63 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 518 besmettingen fêststeld;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch op de kaart foar de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

20:40
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan snein 3 maaie oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.

  • It kin net bewiisd wurde dat ôfwikend testbeliid soarget foar minder slachtoffers yn Noard-Nederlân;
  • De Fryske feilichheidsregio stipet in lanlike kampanje dy't jongerein wize moat op de coronamaatregels;
  • It radioprogramma Prelude krijt safolle fersykjes, dat de redaksje it net oan kin;
  • In Fryske coverband hat in geheime oardelmetertoernee makke troch meardere provinsjes hinne;
  • Neffens de lêste sifers binne der yn Fryslân 63 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 518 besmettingen fêststeld;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Moarn is der in nij liveblog. Op de radio is om seis oere in nije útstjoering fan Fryslân Fannemoarn. Dêryn jout arzjitekte Nynke-Rixt Jukema har fyzje op de oardelmeter-ekonomy. Mei de supporters fan Cambuur sjogge we foarút op it koart pleit fan freed, en we ha ek omtinken foar de deadebetinking, dy't dit jier oars as oars is fanwege de coronakrisis.

Op telefyzje is der om fiif oere in nije útstjoering fan Fryslân Hjoed. En om healwei achten begjint in ekstra live-útstjoering mei de deadebetinking yn de Ljouwerter Prinsetún. Boargemaster Sybrand Buma leit mei kommissaris fan de Kening Arno Brok in krâns by it fersetsmonumint, en de kommissaris sil ek in taspraak hâlde. Nei de twa minuten stilte en it spyljen fan it Wilhelmus troch Iris Kroes, skeakelje we rjochtstreeks oer nei de taspraak fan Kening Willem-Alexander.

De útstjoering is ek online te folgjen, op de webside en yn de app fan Omrop Fryslân. It is perfoarst net de bedoeling dat minsken nei de Prinsetún komme foar de betinking.

19:58
Fryske feilichheidsregio stipet lanlike coronakampanje #slimmerchillen

Fyftich euro kinst krije, ast # slimmerchillen brûkst op instagram of tiktok. It is in lanlike kampanje, dy't bedoeld is om de coronamaatregelen by jongerein ûnder de oandacht te bringen. De Fryske feilichheidsregio stiet achter de kampanje.

Neffens in wurdfierder fan de feilichheidsregio hat dizze doelgroep spesifyk omtinken nedich. "Jongeren vervelen zich, en ze voelen zich eenzaam."

Dat smyt yn no Fryslân gjin grutte problemen op, seit de feilichheidsregio, al fernimme hanthaveners dat de jongeren net altyd op de hichte binne fan de regels. "Als we jongeren erop wijzen dat ze de regels overtreden, dan zeggen ze dat ze dat niet in de gaten hadden."

Ofstân hâlde bliuwt in punt fan oandacht, seit de feilichheidsregio. "Hoe groter de groep, hoe groter de kans op besmetting."

19:38
Cambuur sjocht noch ien kear werom op supportersaksje: "Alles voor de club, gas geve nou!"

Sportklup Cambuur sjocht noch ien kear werom op de supportersaksje fan it ôfrûne wykein. Yn twa dagen is der mear as 45.000 euro ophelle, foar de juridyske striid tsjin de KNVB.

Cambuur fielt him dupearre troch in beslút fan it fuotbalbûn KNVB, dy't bepaald hat dat de klup net promovearret nei de earedifyzje, no't de kompetysje ôfbrutsen is. Cambuur hie in foarsprong fan 11 punten.

Freed bûget in rjochter him oer de saak. Dy begjint moarns om tsien oere.

18:29
Fryske coverband makket geheime oardelmetertoernee: "It is swier, mar wol de muoite wurdich"

De Fryske coverband Smûk hat in geheime oardelmetertoernee makke, troch meardere provinsjes. Wêr't se presys komme soenen, makken se yn it foar net bekend. Dêrom woene de oerheden wol meiwurkje, seit sjongeres Dian de Jonge.

Smûk wie ûnder oare yn Emmeloard. Omrop Flevolân wie dêr ek.

De band wie ûnder oare by in fersoargingsflat. Wim Harsevoort hie it optreden oanfrege, foar syn suster. "Zij woont hier en kan door een ziekte niet meer alles zelf." Beiden genoaten derfan. Wim dûnse oan de bûtenkant fan it glêzen rút, en binnen die syn suster entûsjast mei, yn de rolstoel.

De band giet yn ien dei meardere provinsjes troch. Neffens de sjongeres is dat swier, mar wol de muoite wurdich.

15:06
"Dat ôfwikend testbeliid soarget foar minder slachtoffers yn Noard-Nederlân, liket net te bewizen"

Der is gjin bewiis foar de stelling dat mear testen yn Noard-Nederlân soarge hat foar minder coronadeaden. Dat seit Marc Bonten, yn it Nederlânsk tiidskrift foar genêskunde. Bonten is spesjalist ynfeksjesykten oan de universiteit fan Utrecht.

In coronapasjint wurdt mei de helikopter nei it sikehûs brocht - Foto: ANP

De sifers litte sjen dat der yn Noard-Nederlân minder coronaslachtoffers fallen binne, mar neffens Bonten binne dêr oare ferklearringen foar as allinne it ôfwikend testbelied, omdat de fersprieding fan it firus hjir beheinder wie as yn it suden. As der minder coronapasjinten yn it sikehûs lizze, wurde se better fersoarge, omdat it soarchsysteem noch net oerbelêste is, en as der yn ferpleechhûzen minder ynfeksjes binne, binne der ek minder stjergefallen.

Boppedat binne der neffens Bonten yn it Noarden hielendal net mear testen dien as yn de rest fan it lân. Oant en mei 16 april wie dat per 100.000 ynwenners: 435 yn Fryslân, 1073 yn Grinslân/Drinte, en 1176 yn Utrecht. Alle oare regio's sieten tusken 806 en 1056.

De konklúzje is dúdlik: "De stelling dat een ander testbeleid tot 'minder besmettingen, minder patiënten op de IC en minder doden' heeft geleid lijkt vooralsnog wetenschappelijk niet te bewijzen. Daarvoor zullen eerst de alternatieve verklaringen uitgesloten moeten worden."

Mikrobiolooch Alex Friedrich fan it UMCG is bliid mei de befiningen fan Bonten, seit er. "Ik dank mijn collega voor de kritische blik." Hy seit dat it in kombinaasje fan redenen is, wêrom't de fersprieding regionaal sa oars ferrint. "We gaan het onderzoeken, om van elkaar te leren."

14:54
GGD: Alwer in Fries ferstoarn oan corona, en ien nije besmetting fêststeld

Der is yn de ôfrûne 24 oeren ien nije melding binnenkaam fan in Fries dy't ferstoarn is oan it coronafirus. Dat meldt de GGD. Dêrmei komt it totale stjertesifer yn Fryslân te stean op 63.

De GGD meldt ek ien nije coronabesmetting. Dat totaal stiet yn Fryslân no op 518. Dizze sifers sizze neat oer it totale oantal besmettingen yn Fryslân, omdat lang net elkenien test wurde kin.

It oantal coronaslachtoffers wurdt per gemeente byholden op de ûndersteande kaart.

14:24
Lanlik Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja lêst Frysk gedicht foar op VPRO

Hy docht dat yn it ramt fan 'Dichter aan de lijn', dêr't in dichter ien opbellet en dan in gedicht foarlêst. Tsead bellet in soarchmeiwurker op dy't himsels teste litten hat en gjin corona hat. Bruinja lêst him it Fryske gedicht 'Wikseltonge' foar.

13:38
Coronaproof sporte

De jeugd mei fan takom wike ôf wer sporte op de sportferiening. Se moatte harren wol oan bepaalde regels hâlde. De Veiligheidsregio Fryslân hat op in rychje set hoe'tst coronafeilich en hygiënysk sporte kinst.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
13:25
Frijheid wurdt mear wurdearre

De helte fan de dielnimmers oan it opiniepanel fan EenVandaag wurdearret de frijheid no mear. De 26.000 dielnimmers krigen fragen foarlein oer hoe't se 4 en 5 maaie belibje yn dizze tiden fan corona. As dy dyn frijheid ûntnaam wurdt, witst pas wat it betsjut, sa helle de NOS de wurden oan fan ien fan de enketearren. Mear as acht op de tsien fynt it wichtich om de deaden te betinken en de frijheid te fieren.

Foto: Lucas Kemper, Stichting Bevrijdingsfestival Fryslân
13:17
Hoe is de betinking yn myn gemeente? Besjoch de kaart

Hiel Fryslân stiet moandei 4 maaie stil by de betinking fan de oarlochsslachtoffers, mar troch de coronakrisis kin dat net lykas oars mei publyk. Dêrom passe gemeenten de betinkingen oan. Sa wurdt yn de iene gemeente by alle monuminten in krânse lein en docht de oare gemeente it benammen online. Benijd hoe't der yn dyn gemeente stilstien wurdt by 4 maaie?

KAART: Sa betinkt Fryslân de oarlochsslachtoffers op 4 maaie

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)