Sauna skansearre by brân yn Offenwier

In lytse brân yn in wenhûs yn Offenwier hat foar in protte reek soarge. De brân soe ûntstien wêze yn in sauna dy't oan de wenning fêst sit. Dat seit in tsjûge.
© De Vries Media
Der is net ien ferwûne rekke by de brân. It wenhûs liket net bot skansearre, mar de sauna soe der min oan ta wêze.
It is net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. De brânwacht hat it fjoer útmakke.