It ljeppen lonket, mar kin Bart Helmholt fjouwer jier nei syn ôfskied opnij it NK winne?
Fierljepper Bart Helmholt wol yn septimber op it NK yn Burgum stean. Der is ien betingst: hy moat fit genôch wêze om foar de haadpriis meidwaan te kinnen. Hy die in testtraining om te sjen oft dat der noch yn sit.
Sjoch hjir nei de testtraining fan Bart Helmholt.
Fjouwer jier lyn naam Helmholt ôfskied fan it fierljeppen. Mar hy fielt him sterk en fit. It ljeppen lokket noch altyd, en dus frege er fan 't winter syn âld-trainers oft se it sitten sjogge om noch ien kear mei him oan de slach te gean.
Arend-Tjeert Hofstee hat altyd de coach west fan Helmholt. Doe't dy der yn 2016 mei ophâlde, naam Hofstee ek ôfskie fan it coachen. Geert Hommes wie kondysje- en krêfttrainer, doe't Helmholt mei it ljeppen begûn.
Beide manlju ha dus in protte ynfloed op him hân. Se hoegden dan ek net lang oer syn fersyk nei te tinken.
Yn 2017 makke Omrop Fryslân in dokumintêre oer de fierljepkarriêre fan Bart Helmholt. Yn Fryslân DOK is ûnder de titel 'Ik wol alles winne' te sjen hoe't Helmholt doe ôfskied naam fan syn favorite sport.