Coronakrisis jout boost oan boateferkeap, mar ferhierders profitearje net

De coronakrisis soarget foar drokte by boatsjeferkeapers. Nederlanners dy't oars nei it bûtenlân soene, sykje no om in alternative ynfolling fan de fakânsje. Ferhierders profitearje dêr op dit stuit net fan, blykt út in rûngong fan Omrop Fryslân.
Boateferkeap en ferhier
By in jachtmakelder yn Haskerdiken is it op dit stuit smoardrok. "Het is een beetje dubbel", seit eigener Erwin van Schalkwijk. "Bij ons gaat het heel goed, maar veel andere ondernemers hebben het zwaar."
"Mensen kunnen niet naar het buitenland en besluiten dan toch maar in Friesland op vakantie te gaan", seit Van Schalkwijk. "Wij proberen ze ook bij collega's een ligplaats aan te bieden, om ze in de provincie te houden."
Normaal komme in protte klanten út Dútslân. Dy binne der no net, mar dat wurdt mear as goed opfongen troch de Nederlanners.
Boaten yn Haskerdiken © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Ferslachjouwer Jeroen Boersma gong op syk nei in boat
Net de hiele boatebrânsj profitearret fan de nije fakânsjes yn eigen lân. De measte boaten fan in ferhierbedriuw yn Terherne lizze noch altyd oan de steiger.
Eigener Alexander van Walsum baalt. "We hebben hier 26 motorkruisers liggen. Daarvan zijn er nu vier op het water." Normaal is om dizze tiid hinne de helte oant trijekwart fan alle skippen ferhierd.

"Nederlanders denken dat het alleen in de zomer mooi weer is"

Normaalwei komt santich persint fan de boatsjehierders út Dútslân, seit Van Walsum. "Die laten zich nu tegenhouden door een ontmoedigingsbeleid in Duitsland en Nederland."
Oars as by de ferkeap, binne der op it stuit net folle mear Nederlanners dy't hiere. Dy komme eins allinnich mar simmerdeis, seit Van Walsum. "Omdat ze denken dat het alleen in de zomer mooi weer is hier, maar dat klopt natuurlijk niet. Dat beeld mag van mij gauw veranderen!"
It is noch net sa slim dat Van Walsum yn akute problemen sit: "Als de Duitse annuleringen gecompenseerd worden door Nederlandse aanvragen, dan bestaat het bedrijf in 2021 ook nog wel."