Ferkearsgaos smyt Cambuur goed 45.000 euro op yn striid tsjin KNVB

02 maaie 2020 - 19:45

In stickeraksje fan supporters hat goed 45.000 euro opsmiten foar SC Cambuur. Dat seit in wurdfierder fan de klup. De aksje soarge foar drokte om it stadion hinne. Ferkearsregelders moasten de boel yn goede banen liede.

Supporters mochten mei de auto troch it stadion ride, as se in donaasje diene foar de jurydyske kosten, dy't de striid om promoasje nei de earedifyzje mei him meibringt.

Minsken dy't in donaasje diene, krigen dêr in sticker foar. "Cambuur komt eraan", stiet der op. Der wiene earst 3.000 stickers, mar dat wie te min. In sponsor hat yn sân hasten noch 2.000 ekstra makke.

"Minsken wolle wer even yn it stadion wêze", seit in wurdfierder fan de klup. "En dast mei in auto troch it stadion giest is unyk."

De aksje begûn freed. Doe wie it ek al smoardrok yn en om it stadion.

Cambuur fielt him dupearre troch in beslút fan it bûn, dat besletten hat dat de klup net promovearret nei de earedifyzje, no't de kompetysje ôfbrutsen is. Cambuur hie in foarsprong fan 11 punten.

De klup wol it konflikt graach beprate op in ledegearkomste fan de KNVB, mar it is net dúdlik wannear't dat kinne soe. Freed bûget in rjochter him oer de saak.

(advertinsje)
(advertinsje)