Ljouwerter kok yn 'lockdown' op Filipynsk eilân: "De regels binne strang, en de straffen binne heech"

02 maaie 2020 - 16:13

Se wiene op wrâldreis en soene safolle mooglik lannen bydel. Mar al sân wiken sitte se fêst op in eilantsje op de Filipinen: de Ljouwerter kok Ward de Graaf en syn freondinne Tirza Dijkstra.

Ward de Graaf en Tirza Dijkstra op Bolhol - Foto: Ward de Graaf

Sûnt septimber binne se ûnderweis. Se kamen oan yn de Filipynske haadstêd Manilla, doe't corona der foar soarge dat ek dêr de wrâld yn lockdown gie.

Sa gau as mooglik ha se doe in binnenlânske flecht pakt nei it eilân Bohol. Neffens Ward is it better om dêr te sitten as yn in grutte stêd. En sûnt dy tiid ferbliuwe se op it eilantsje. Op himsels in nuvere ûnderbrekking fan de reis, mar ferfele dogge se harren net.

Hermetysk ôfsletten

De sitewaasje is op it eilân is prima, seit de Ljouwerter kok, dy't fan oarsprong út Harns wei komt. Op Bohol binne der sa't it liket noch gjin coronagefallen.

Dat is hiel wat oars as yn de grutte stêd Manilla. Dêr is in soad earmoed. Minsken wenje der hiel ticht op mekoar. In protte Filipinen wolle dan ek graach nei de lytse eilantsjes ta, mar dy wurde hermetysk ôfsletten.

Karantênepas

De Friezen hawwe in spesjale karantênenepas dêr't se de strjitte mei op meie. De regels binne strang, en straffen binne heech. Safolle mooglik thúsbliuwe jildt dus ek foar it Ljouwerter stel. Se dogge dan ek net safolle oars as wy hjir. In bytsje netflixe, youtube en sa.

It koe minder - Foto: Ward de Graaf

Ward de Graaf op de Filipinen

Ward hat fan de need in deugd makke. Drok hat er it net yn syn karantêne, en yn in appgroep mei freonen hie er in challenge foar in 'kookworkshop' dien. Doe't er dy online set hie, die bliken dat it in sukses wie.

No hat er syn eigen YouTubekanaal opset, mei in 'karantênekookworkshop'. Dêryn makket er ûnder oare bitterballen.

Ward en syn freondinne binne hoe dan ek net fan doel om werom te kommen nei Nederlân. As se út de lockdown komme, reizgje se wer fierder. Wannear't dat wêze sil, dêrfan hat er gjin idee.

(advertinsje)
(advertinsje)