Boateigeners wolle lisjild net betelje: "Net fasilitearje, mar wol jild freegje"

02 maaie 2020 - 14:21

Boateigeners yn Snits moatte sûnt freed lisjild betelje yn de haven. Dat liket logysk oan it begjin fan it farseizoen, mar guon boateigeners wegerje it jild oer te meitsjen.

"De haven is yn wêzen noch ticht en der binne dochs amtners dy't tinke dat se havenjild ynbarre moatte. Dat liket my wat frjemd, datst net fasilitearrest, mar wol jild fregest", seit boateigener Hendrik Haanstra.

As je nei in sirkus gean en der binne gjin bisten, dan gean je net nei in sirkus, sa simpel is it dochs?

Hendrik Haanstra oer syn wegering lisjild te beteljen yn jachthaven Snits

Fasiliteiten lykas de stroom en de húskes binne net beskikber, fertelt er. "As je nei in sirkus gean en der binne gjin bisten, dan gean je net nei in sirkus, sa simpel is it dochs?"

Hendrik Haanstra - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Hendrik Haanstra wol gjin lisjild betelje

De gemeente hat wol kosten oan de haven, bygelyks de havenmaster. "Dat is al hielendal spesjaal, datst in amtner op 'en paad stjoerst om minsken te wurd te stean wylst eltsenien thúsbliuwe moat", seit Haanstra.

Toerisme fermije

De gemeente Súdwest-Fryslân jout oan dat de eigeners it lege taryf betelje, mar dat sy it lisjild net hielendal skrasse wolle omdat dat mooglik in protte toeristen lûkt.

(advertinsje)
(advertinsje)