Museum Belvédère krijt fjouwer Jan Mankes-skilderijen

02 maaie 2020 - 13:00

Museum Belvédère yn Oranjewâld kin fjouwer nije stikken oan de kolleksje taheakje. It giet om skilderijen fan Fryske skilder Jan Mankes. Direkteur-konservator fan it museum Han Steenbruggen is tige wiis mei de oanwinsten.

Pruimenboompje in bloei fan Jan Mankes - Foto: Museum Belvédère

It giet om Puttertjes in avondschemering út 1911, Vrouw in interieur út 1913, Stilleven met boek en fles, en Pruimenboompje in bloei, dy't beide net datearre binne. De wurken binne in skinking fan keunstsamler Cees Röling.

Belvédère hie twa fan de stikken al yn brûklien, dat late ta de skinking. "Wij kennen het circuit natuurlijk een beetje en via een middelaar kwamen we in contact met Röling, die wist natuurlijk van onze interesse in Jan Mankes en dat heeft geleid tot de bruikleen. Hij was zo blij hoe we met de schilderijen omgingen, dat hij uiteindelijk besloot ze aan ons museum te schenken", fertelt Steenbruggen.

Bysûndere oanwinsten

Steenbruggen is foaral wiis mei 'Pruimenboompje in bloei'. "Een onbekend werkje, dat voor ons een verrassing was, eigenlijk een vondst."

Ek Puttertjes in avondschemering is in bysûndere oanwinst, seit hy. "Zonder andere schilderijen teniet te doen, een van de meest bijzondere is het kleine schilderijtje van de twee puttertjes, er waren meer musea geïnteresseerd in dat specifieke schilderij. Als zo'n verzamelaar het dan uiteindelijk aan ons museum gunt, is heel bijzonder."

Wannear giet it museum wer iepen?

Wannear't it publyk de skilderijen besjen kin yn it museum is troch de coronakrisis noch ûnwis. "Het is nog even geduld hebben. We zijn heel blij met de schenking en gaan ervan uit dat onze deuren straks ook weer eens open gaan en dat we de schilderijen dan kunnen laten zien", seit Steenbruggen.

Steenbruggen tinkt dat it net sa lang mear duorje sil. "Stilletjes hoop ik en ga ik ervan uit dat we 1 juni, als we we voldoen aan enige voorwaarden, weer open kunnen."

Direkteur-konservator Han Steenbruggen oer de nije skilderijen fan Mankes

(advertinsje)
(advertinsje)