Gjin nije coronastjergefallen, fiif nije misken posityf test op corona

02 maaie 2020 - 12:47

Yn Fryslân binne der de ôfrûne 24 oeren gjin nije coronastjergefallen by kaam en der binne fiif nije minsken posityf test op oanwêzichheid fan it coronafirus. Dêrmei bliuwt it totaaltal deaden op 62 stean en it totaaltal besmette minsken op 517.

Foto: Omrop Fryslân

De sifers fan Noard-Nederlân wurde hieltyd leger. Se binne leech yn ferhâlding mei oare streken yn it lân ek al leech.

Gerben van Alst, operasjoneel lieder fan de krisisbehearsing fan de Veiligheidsregio Fryslân is tefreden oer hoe goed Friezen harren hâlde oan de regels fan de oardelmetermaatskippij. Van Alst stiet mei syn krisisorganisaasje 24 oeren deis paraat om de útfiering fan de krisismaatregels te koördinearjen. Ynhâldlik is boargemaster Buma fan Ljouwert ferantwurdlik foar de Veiligheidsregio. Van Alst seit dat syn organisaasje goed taret is, want dêr oefenje se foar, al is dizze situaasje en de grutte fan de krisis fansels wol útsûnderlik.

Earst warskôging

De tekst fan de offisjele rjochtlinen kin bytiden wol wat betizing opsmite, want wa wit sagau wat 'Het is verboden zich in een groep van drie of meer personen op te houden zonder tot de dichtstbijzijnde persoon in die groep en andere personen een afstand te houden van ten minste 1,5 meter' bedoeld wurdt? Omdat it offisjeel is, is de tekst opsteld yn juridyske taal, seit Van Alst dêroer. It giet úteinlik om it boadskip dat der gjin groepen minsken by-inoar stean meie. Wy binne der net om boetes út te dielen, mar om minsken bewust te meitsjen en dêrom sprekke wy de minsken earst oan en jouwe wy in warskôging, seit Van Alst. Hy fynt it logysk dat minsken sa stadichoan wol wer ris wat mear frijheid hawwe wolle, mar ôfstân hâlde bliuwt fan it grutste belang.

(advertinsje)
(advertinsje)