Protestantske tsjerken fan It Hearrenfean, Tsjalbert en De Knipe wer iepen

02 maaie 2020 - 12:00

De gemeente fan de protestantske tsjerke op It Hearrenfean sil fan 5 maaie ôf guon tsjerken wer iepenje foar publyk. It giet om de lokaasje Trinitas op It Hearrenfean, de tsjerke fan Tsjalbert en dy fan De Knipe. Nettsjinsteande dat religieuze gearkomsten oant tritich persoanen de ôfrûne wiken gewoan tastien wiene, binne de measte tsjerken yn Fryslân ticht.

Der wurde gjin tsjerketsjinsten hâlden, mar minsken binne op bepaalde tiden wolkom yn in spesjale romte dêr't minsken terjochte kinne. It giet om meditaasjeromten dêr't stilte te finen is, mar ek bygelyks in petear mei in predikant. Der binne maksimaal twa persoanen yn de romte wolkom. Troch hiel Nederlân binne neffens de protestantske gemeente op It Hearrenfean mar in pear tsientallen tsjerken dy't iepen binne.

Dûmny Pieterjan de Buck yn de romte dy't iepen giet - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Der binne wol betingsten oan ferbûn. Sa binne minsken dy't ferkâlden binne net wolkom yn de tsjerken en wurde minsken fansels frege om harren oan 1,5 meter ôfstân te hâlden en oan de oare regels fan it RIVM.

In lege Trinitas-tsjerke op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Wat it bestjoer fan de tsjerke oanbelanget kin der altyd sjoen wurde nei langere iepeningstiden, ôfhinklik fan it ferlet dat dêrfan is.

Iepeningsstiden Trinitas It Hearrenfean

Tiisdeis: 10.00 oant 12.00 oere
Tongersdeis: 19.00 oant 21.00 oere
Woansdeis: 10.00 oant 12.00 oere

(advertinsje)
(advertinsje)