Omrop TIP: Knokploegen yn 'e oarloch by Fryslân DOK

De oerfallen fan knokploegen op distribúsjekantoaren, gemeentehuzen en suvelfabriken steane sintraal yn diel trije fan de searje 'Underdûkt yn Fryslân'. Under lieding fan 'De Drogist' Gerard Reeskamp soarge de knokploech fan Súdwest-Fryslân foar jild en iten foar de help oan ûnderdûkers. Ta gelegenheid fan 75 jier befrijing bringt Fryslân DOK de trijedielige searje nochris op 'e telefyzje.
Yn Fryslân ûntstie fan 1943 ôf in yllegaal netwurk foar help oan ûnderdûkers. In komplekse en geheime operaasje, dêr't in soad minsken harren stientsje oan bydroegen. Foaral yn de doarpen wist hast elkenien wol wêr't de ûnderdûkers sieten. It trijelûk 'Underdûkt yn Fryslân' is yn 2017 makke troch Gerard van der Veer, yn gearwurking mei Tresoar en Omrop Fryslân. Ynformatyf, mei bysûndere filmopnamen en foto's. En persoanlik, troch de ynterviews mei ûnderdûkers en oare belutsenen.
Knokploech mei steand yn 'e midden Gerrit Reeskamp © Tresoar
Yn it wykein fan 9 en 10 maaie it tredde en lêste diel fan dizze searje. Diskear stean de Fryske knokploegen sintraal. Gerard Reeskamp hie as bynamme 'De Drogist' en stie oan de lieding fan de knokploech fan Súdwest-Fryslân. Yn Skearnegoutum wie in pleats foar byienkomsten fan de knokploech. Hessel Bouma kin him noch heuge hoe't er as lyts jonkje dêr tsjûge fan wie.
Hessel Bouma wiist in ûnderdûkplak © Omrop Fryslân
Evalina Stad fertelt har persoanlike ferhaal. As lyts Joadsk famke waard sy nei Fryslân smokkele en opnommen yn de pastory fan Dokkum. As der gefaar drige omdat der Dútsers delkamen foar ynspeksje, moast Evalina weikrûpe yn it kâlde koalehok achteryn de tún. It wie in traumatyske ûnderfining dy't Evalina letter noch fielt.
Lytse Evalina Stad © Omrop Fryslân
Diel 3 fan 'Underdûkt yn Fryslân' is te sjen op sneon 2 maaie, 15.30 oere by NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling). De werhelling is snein 3 maaie om 13.10 oere.
Snein 3 maaie stjoert Omrop Fryslân de Fryslân DOK út om 17.00, mei alle oeren in werhelling.
Oerfallen fan knokploegen yn 'e oarloch © Omrop Fryslân