Jeugdteäterskoalle Meeuw komt mei in digitale foarstelling

02 maaie 2020 - 09:03

It is stil by Meeuw Jonge Theatermakers, de jeugdteäterskoalle yn Ljouwert. Der soe yn de maitiidsfakânsje drok repetearre wurde foar in foarstelling yn it ramt fan de deadebetinking. Yn plak dêrfan is eltsenien thús oan de slach gien en is der in soarte fan digitale foarstelling opset.

Ien fan de spilers is de 16-jierrige Jojanneke Taconis fan Sint-Nyk. Sy hat sels in ferske skreaun, songen en der in filmke fan makke. De spilers hiene de opdracht om wat te dwaan mei guod út de Twadde Wrâldoarloch. Jojanneke hat in ferske skreaun oer in skilderij dat troch in Joadske famylje by in oare famylje ûnderbrocht wie, mar nei de oarloch woe de famylje it skilderij net weromjaan.

Gek om thús te wurkjen

Se fûn it wol wat gek om allinnich thús oan it wurk te wêzen yn plak fan mei syn allen yn de teäterskoalle. "Het ging wel, je zit rustig thuis en bent lekker bezig, maar het is wel jammer. Het is altijd erg leuk, we zijn een gezellige groep."

It wie ek wol in feroaring foar dosint en regisseur Carlo Scheldwacht om op ôfstân in digitale foarstelling te meitsjen. Mar hy is tige wiis mei it resultaat. "We zijn geen filmmakers, maar het ziet er behoorlijk mooi uit. Ik had niet gedacht dat dit zo zou kunnen. De jongeren zijn thuis heel improviserend bezig geweest. Zo zijn er statieven van lego gemaakt."

Sneon komme de earste filmkes online, snein in oantal en op 4 maaie de lêsten. Op dizze dei is der ek noch mooglikheid om mei-inoar te chatten.

Learlinge Jojanneke Taconis en dosint Carlo Scheldwacht

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
(advertinsje)
(advertinsje)