Weststellingwerf wol stappen ûndersykje tsjin gasboarringen Vermilion

02 maaie 2020 - 08:50

De gemeente Weststellingwerf wol ûndersykje oft sy gasboarringen fan Vermilion tsjinhâlde kin by it Hôf fan Justysje fan de Europeeske Uny. Yn Weststellingwerf sitte se net te springen om nije gasboarringen. Vermilion wol besteande putten útwreidzje. Yn de regio lizze seis lytsere gasfjilden. Eardere rjochtsaken yn Nederlân binne allegearre ferlern.

It gasfjild by Aldlemmer - Foto: Omrop Fryslân

Wy wolle alle mooglikheden gaswinning op te kearen útsocht hawwe, seit Aukje Kroondijk fan de VVD yn de gemeente. Ferline jier hat de gemeente it stânpunt ynnaam gjin nije gaswinning of útwreiding fan besteande gaswinning te wollen. By Blesdike en De Blesse soe mear gas wûn wurde as earder ofpraat. It kolleezje giet net mear yn berop omdat it hiel dreech is gelyk te krijen by lanlike ynstânsjes lykas de Ried fan Steat. Dêrom wol Kroondijk no útsykje litte oft in Europeeske proseduere doel hat.

"Wy wolle útsykje litte oft dat wol feilich is.

Aukje Kroondijk oer gaswinning

Kroondijk hat twa arguminten foar har stap. As earste heart gaswinning net by duorsame-enerzjy-ûntwikkeling dêr't Nederlân mei dwaande is. It is net duorsum mei it each op de klimaatdoelen.

Fierders is it ûnbekend hoe't it mei it gebiet komt wat ierdbevings troch gaswinning oanbelanget. Tweintich jier ferlyn seine se dat der gjin ierdbevings komme koene yn Grinslân. En yn de nacht fan freed op sneon hat der wer ien west. Yn Fryslân giet it dan wol om lytse gasfjilden, mar dy stean wol mei-inoar yn ferbining. "Wy wolle útsykje litte oft dat wol feilich is."

(advertinsje)
(advertinsje)