Kollum: "De flagge healstôk"

02 maaie 2020 - 08:35

"Kommende tiisdei meie wy fiere dat we 75 jier lyn fan in freeslike oarloch befrijd waarden. Yn dy iene sin sitte in pear nuvere tsjinstellings. Litte we wol wêze, 75 jier frij hie in grut en net te ferjitten feest wurde moatten. Mei de lêste âld-striders dy't harren noch ien kear yn it unifoarm hyst hienen, om stram as in doar yn de hâlding te stean by it folksliet."

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

"Der wie grif hjir en dêr in trien fallen yn de wittenskip dat dizze minsken der oer 25 jier net mear wêze sille. Dit hie de lêste kans west om harren te earjen no't der noch in pear echt by wêze koenen.

Mar it mei net sa wêze. We wurde sûnder genede ynhelle troch in nije ûnsichtbere fijân, dêr't net op it slachfjild, mar yn de sikehûzen in oarloch tsjin fierd wurdt. Dat is in oarloch dêr't wy as gewoane stervelingen nea rekken mei holden hienen. In oarloch tsjin in lyts bistje, dat yn steat blykt om de hiele deistige globale gong fan saken op de kop te setten.

Ferline hjerst, doe't alles noch normaal wie, ha wy in besite brocht oan de freeslike konsintraasjekampen Auschwitz en Auchzwitz-Birkenau. Gewoan omdat ik fyn dat elts dy plakken eins in kear besykje moat. Fleurich wurde je der net fan, mar dat hoecht ek net. De miljoenen grouwélich fermoarde slachtoffers fertsjinje dat wy der bliuwend oan tinke dat soks nea wer barre mei. Antysemityske saken kinne net hurd genôch oanpakt wurde.

Op 4 maaie mei dizze kear de flagge de hiele dei healstôk, kaam ik dizze wike earne tsjin. Eins fyn ik dat net mear as terjochte. As we op 5 maaie, yn normale omstannichheden, mei ús allen fiere dat we frij binne, mei wat my oanbelanget 4 maaie alle jierren de flagge wol de hiele dei healstôk. Ik ha ek mear mei 4 as mei 5 maaie. Dy pear minuten stilte fyn ik moai.

De ôfrûne tiid wie it oeral aardich stil. Krekt as wie it grutte oerwurk ôfdraaid en wachte it op immen dy't it opwine koe. Stadich de saak wer op gong bringe, mar hooplik mei it besef dat der net in gek mei rasistyske ideologyen nedich is om alles stil te setten. Dêr is in lyts, foar it bleate each ûnsichtber bistje prima ta yn steat. In firus dat ús fan ús frijheid berôvet. Miskien hienen we dat yn ús doldraaide wrâld nei dy 75 jier wol wer even nedich. Even langer stil, even langer betinke. Miskien ús gedrach wat oanpasse. Om dan aanst de flagge wer yn top te dwaan."

(advertinsje)
(advertinsje)