Slagget it om 1,5 meter ôfstân te hâlden op de fearboat?

02 maaie 2020 - 08:10

Nettsjinsteande it coronafirus binne der dochs noch guon minsken dy't de Waadeilannen opsocht hawwe yn de maaiefakânsje. Slagget it dan wat om ôfstân te hâlden op de fearboat? Yn de boat sels giet it wol, mar it docht bliken dat it mei it op- en ôfstappen noch wolris mislearret.

Foto: Carmen van Beets

Yn Holwert sochten de toeristen fan de fearboat harren eigen auto wer op. Neffens in frou op de fearboat foel it wol ta mei de drokte. "Het was eigenlijk best wel rustig, op het eiland zelf echt extreem rustig. Iedereen hield zich wel aan de 1,5 meter afstand." Dat waard mooglik makke troch de ynrjochting fan de fearboat.

It havenkantoar yn Holwert, mei in boat fan Wagenborg nei It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Stuoltsjes

In oare reiziger fertelt: "Ze hebben plastic schermen tussen de zitjes. Aan de ene kant van het zitje staat een groot kruis, daar mag je niet zitten. Aan de andere kant wel. Zo proberen ze voor ons te zorgen dat we genoeg afstand houden. Alleen bij het in en uit stappen merk je dat iedereen strak achter elkaar aan loopt. Dat is het enige minpuntje. Dan probeer ik zelf afstand te houden."

Op- en ôfstappe

In oarenien hat itselde ûnderfûn, by it op- en ôfstappen kinne minsken harren entûsjasme net bewarje. "Ik zag wel net toen we hier aankwamen dat mensen wel hutje-mutje in de rij stonden. Dat was bij ons niet zo, toen hield men meer afstand. Dus blijkbaar zit er wel verschil tussen."

Ferslachjouwer Earryt Sijens by de fearboat yn Holwert

Sa warskôget Doeksen de passazjiers op de boaten nei Skylge en Flylân

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(advertinsje)
(advertinsje)