Sels mei oerheidsmaatregels sille guon ûndernimmers op Flylân it net rêde

02 maaie 2020 - 08:05

Sels mei oerheidsmaatregelen sille guon ûndernimmers op Flylân it net rêde. Dat seit de ûndernimmersferiening op it eilân. Om de ekonomyske skea troch de coronakrisis op Flylân te ferminderjen sjocht de gemeenten njonken finansjele stipe ek nei oare maatregels. Sa is der bygelyks it idee om de doarpsstrjitte op it eilân oars yn te rjochtsjen.

Om ûndernimmers yn 'e mjitte te kommen wol wethâlder Dick Visser sjen nei in saneamde 'Waddenpromenade'. It moat de hoareka frijbaan jaan om mear romte te kreëarjen foar harren terras wylst ek kleansaken grutter ústalle meie.

Om romte te mietsjen foar dat plan sille fytsers út it strjitbyld ferdwine moatte. Simmerdeis fytse der al gau 3.000 tot 4.000 minsken op it eilân. Dat smyt meastentiids in soad drokte op yn de doarpsstrjitte. "Het is nog maar een prematuur idee, maar we moeten kijken naar maatregelen die de ondernemers kunnen helpen," seit wethâlder Visser.

Finânsjes

Ek de finansjele situaasje fan de gemeente Flylân hat te lijen ûnder de coronakrisis. "Er komt een miljoen minder toeristenbelasting binnen," seine boargemaster Tineke Schokker, wethâlder Elsje de Ruijter en wethâlder Dick Visser. It betsjut dat der in flink gat yn de begrutting komt.

Om de bewenners fan soarchynstelling de Uiterton in hert ûnder de riem te stekken yn dizze tiid spruts kommissaris Brok de minsken bûtendoar mei in megafoan ta. Syn taspraak waard mei in lûd applaus en it 'Vlielands Volkslied' ûntfongen.

Undernimmers falle om

Kommissaris fan de Kening Arno Brok en deputearrre Avine Fokkens binne bypraat troch in grutte groep ûndernimmers. Dêr waarden de soargen dy't de bestjoerders op it eilân hawwe allinnich mar befêstige. "Zelfs met overheidsmaatregelen denk ik dat sommige ondernemers het zonder een goed vervolg van de komende zomer niet gaan redden en voor de herfst nog omvallen," seit Corine de Groot fan de ûndernimmersferiening op Flylân.

"Eiland kan niet leven van de 1.100 inwoners alleen"

"Iedereen die hier een beroep heeft, doet dat voor de toeristen. Ik vrees in het najaar dat wanneer we niet snel aan de slag mogen en niet dezelfde aantallen kunnen draaien en dat gaan we de komende tijd ook niet, dan wordt het voor sommigen heel erg nijpend, ondanks alle overheidsmaatregelen," stelt de foarsitter fan de ûndernimmersferiening. "Het eiland kan niet leven van de 1.100 inwoners alleen."

Jan van der Veen fan camping Stortemelk hat ek grutte soargen. "Alles is afhankelijk van wat meneer Rutte op 20 mei gaat vertellen. Kunnen we maatregelen gaan treffen of blijft alles dicht." Foar de camping binne der alwer genôch boekingen binnenkaam, mar grutte fraach is oft al dy minsken wol komme meie. "We hebben al 3.000 reserveringen, maar daarin zullen we moeten gaan hakken."

(advertinsje)
(advertinsje)