Coronanijs fan sneon 2 maaie: Supporters soargje foar gaos by Cambuurstadion: "Dit is niet normaal"

02 maaie 2020 - 23:33

Yn dit liveblog melden we it lêste nijs oer it coronafirus.

  • It UMCG tinkt dat der yn de winter in twadde ynfeksjegolf komt, dy't slimmer is as de earste;
  • In stickeraksje fan Cambuur soarge foar in gekkeboel by it stadion;
  • Undernimmers op Flylân sizze dat de stipe fan de oerheid net genôch is om fallisseminten foar te kommen;
  • Neffens de lêste sifers binne der yn Fryslân 62 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 517 besmettingen fêststeld;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch op de kaart foar de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:53
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan sneon 2 maaie oer it coronafirus. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.

  • In stickeraksje fan SC Cambuur soarge foar in ferkearsgaos by it stadion;
  • Supporters ha goed 45.000 euro ophelle foar in jurydyske proseduere tsjin de KNVB;
  • It UMCG tinkt dat der yn de winter in twadde ynfeksjegolf komt, dy't slimmer is as de earste;
  • Undernimmers op Flylân sizze dat de stipe fan de oerheid net genôch is om fallisseminten foar te kommen;
  • Boatferkeapers profiteare fan de krisis, trochdat minsken no net nei it bûtelân op fakânsje geane;
  • It oantal coronapasjinten op de Nederlânske intensive cares is ôfnaam oant ûnder de 700;
  • Neffens de lêste sifers binne der yn Fryslân 62 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 517 besmettingen fêststeld;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Moarn is der in nij liveblog. Op de radio is om njoggen oere in reportaazje te hearren oer tsjerken dy't de doarren dochs wer iepen dogge.

Op telefyzje en ynternet is om tsien oere in tsjerketsjinst te sjen. Dy wurdt rjochtsteeks útstjoerd út de Martinitstjerke yn Frjentsjer wei. De foargonger is Roger Wind. Hy is geastlik fersoarger by de GGZ. De liturgy is hjir te finen.

21:34
Henk de Jong: "Dit is net normaal"

Trainer Henk de Jong fynt it "net normaal" dat der tûzenen minsken ôfkaam binne op in oprop om Cambuur te steunen. Dat seit er yn in fideo-boadskip op twitter.

De fans ha goed 45.000 euro ophelle foar de klup. It jild is bedoeld foar de jurydyske proseduere tsjin de KNVB, dy't bepaald hat dat Cambuur takom jier net yn de earedifyzje spylje mei.

"Dat wie in hurde klap", seit De Jong, "mar dy klap is no hielendal fuort. Cambuur komt eraan, met syn allen!"

20:36
Suzanne Schulting promoatet hânwaskjen op It Hearrenfean

Shorttrackster Suzanne Schulting hat tegearre mei Sjinkie Knegt meardere hânwask-stasjons iepene, op It Hearrenfean en yn Dokkum. Neffens de inisjatyfnimmers binne it de earsten fan Nederlân dy't yn in winkelstrjitte stean.

Suzanne Schulting op it Hearrenfean - Foto: Dennis Stoelwinder

"Alleen samen maken we een leefbaar en dynamisch centrum in Heerenveen", seit inisjatyfnimmer Eric Zwanenburg.

Yn Dokkum is Eric Kooistra ien fan de driuwende krêften. Hy baalt derfan dat de Admiraliteitsdagen dit jier net troch geane. "Maar we willen wel dóór met z'n allen, dus moetje samen oplossingen vinden."

Op de dei dat ûndersyk fan in mobiliteitsburo útwiist dat der hieltyd mear minsken te winkeljen geane, wol hy de besikers fasilitearje. "Ons uitgangspunt is service aan de bezoekers van Dokkum. Een prettig, gastvrij en schoon straatbeeld hoort daarbij. Daarom kiezen wij voor letterlijk 'clean' handreiniging: zonder papieren handdoekjes, zonder afvalbakken die weer tot zwerfafval leiden."

Linda Verhagen fan de GGD sei earder tsjin Omrop Fryslân dat it belangryk is om goed te hânwaskjen. "Dan is dat in de praktijk vaak voldoende om de meeste virussen en bactieriën kwijt te raken.

19:00
"North Netherlands stopped following national advice. Here’s what happened"

In grutte krante yn Ierlân is entûsjast oer de corona-oanpak yn Noard Nederlân, nei in petear mei firolooch Alex Friedrich fan it UMCG. "As the central healthcare node for the whole region, the UMCG was big enough to set policy for the wider north."

Foto: ProNews

Doe't healweis maart it nasjonale belied allinne testen tastie yn tige slimme gefallen, teste it UMCG safolle mooglik minsken. En Friedrich gong net allinne ôf op in beheind tal stúdzjes, mar hy belle sels mei dokters yn Italië, dêr't de pandemy doe it slimste wie.

"He learned they were spending twice as long in intensive care than Dutch national modelling accounted for", skriuwt de Irish Times.

It UMCG ferbea meiwurkers bûten de regio te reizgjen. In wurdfierder sei tsjin Omrop Fryslân dat dat ferbod noch altyd jildt.

'Winter is coming'

It UMCG riedt him no al ta op de winter. Neffens de krante is dat it slimste seizoen foar minsken mei ynfeksjes yn de luchtwegen. Friedrich ferwachtet in twadde ynfeksjegolf dy't slimmer is as de earste.

Friedrich seit yn de krante dat der mear beskermingsmiddels nedich binne, mear bêden op de intensive care, mear soarchmeiwurkers, en mear diagnostyk, yn alle sikehûzen yn it lân.

18:36
Boateferkeapers profitearje fan coronakrisis: "Minsken sykje alternative fakânsjeplannen"

By in jachtmakelder yn Haskerdiken is it no smoardrok. "Het is een beetje dubbel", seit eigener Erwin van Schalkwijk. "Bij ons gaat het heel goed, maar veel andere ondernemers hebben het zwaar."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Nederlanners dy't oars nei it bûtenlân soene, sykje no in alternative ynfolling fan de fakânsje. Ferhierders profitearje dêr noch net fan, blykt út in rûngong fan Omrop Fryslân.

De measte boaten fan in ferhierbedriuw yn Terherne lizze noch altyd oan de steiger. De eigener baalt. "We hebben hier 26 motorkruisers liggen. Gewoonlijk is driekwart van de schepen verhuurd, maar nu zijn er maar vier op het water."

16:54
Fries yn Fjetnam ferlear hast al syn omset: it lân siet 14 wiken op slot

Fjetnam siet yn in totale lockdown, mar no wurde de regels wer ferromme. Fries om utens Geert-Jan Vaartjes is manager fan in resort yn it fiere lân. Hy is bliid dat er wer wat dwaan kin.

Minsken mei mûlekapkes yn Fjetnam - Foto: EPA/ANP

Geert-Jan Vaartjes fanút Fjetnam

Vaartjes ferlear troch de lockdown 95 persint fan syn omset. "It is super om wer gasten te ûntfangen en minsken yn it hotel te hawwen", seit Vaartjes.

De restaurants yn it lân binne ek wer iepen. Dêr meie net mear as 20 gasten nei binnen, mar dy hoege gjin oardel meter ôfstân te hâlden.

Fjetnam siet 14 wiken lang op slot. "Moandei geane de skoallen wer iepen. It reizgjen yn Fjetnam begjint no wer, der komme wat flechten út Hanoi en Ho Chi Minhstêd."

16:31
Minder as 700 coronapasjinten op IC's yn Nederlân: "Het gaat de goede kant op"

It oantal coronapasjinten op de Nederlânske intensive cares is ôfnaam oant ûnder de 700. Dat meldt de NOS. "De totale IC-bezetting is met 1098 patiënten in Nederland weer binnen de normale capaciteit", seit Ernst Kuipers.

intensive care - Foto: ANP

Kuipers is de foarsitter fan it lanlik netwurk foar akute soarch. "Dit geeft ruimte aan de IC-medewerkers om enigszins op adem te komen."

Yn totaal lizze der yn Nederlân 680 coronapasjinten op de IC. Op Dútske IC's lizze nochris 28 Nederlanners mei corona. It totaal stiet dus op 708. Ien dei earder wie dat noch 745.

"Minder dan 700 is een prachtig getal", seit Diederik Gommers, fan de Nederlânske feriening foar intensive care. Neffens him kin der yn in protte sikehûzen nije wike wer opereard wurde.

Foto: NOS

Earder dizze wike waard al dúdlik dat ûnder oare it sikehûs fan Snits de operaasjekapasiteit wer opskaalt. Dêr binne no trije fan de sân operaasjekeamers yn gebrûk. Dat wurde der aanst fiif.

16:13
Bitterballen bakke yn 'lockdown' op de Filipijnen; it eilân is hermetysk ôfsletten

In kok út Ljouwert sit al sân wiken fêst op de Filipijnen. Mei syn freondinne wie er op wrâldreis, doe't de coronakrisis losbarste. Sûnt dy tiid ferbliuwe se op in eilantsje.

Foto: Ward de Graaf

Op it eilân is de sitewaasje hiel wat oars as yn de haadstêd Manilla. Dêr is in soad earmoed. Minsken wenje der hiel ticht op mekoar. In protte Filipijnen wolle dan ek graach nei de lytse eilântsjes ta, mar dy wurde hermetysk ôfsletten.

De kok hat fan de need in deugd makke. Hy hat syn eigen youtubekanaal opset, mei in 'karantênekookworkshop'. Dêryn makket er ûnder oare bitterballen.

14:53
Stickeraksje soarget foar gekkeboel by Cambuurstadion: "It stiet oan alle kanten fêst"

Cambuur hie wol ferwachte dat der wat belangstelling wêze soe, foar de sticker-aksje yn it stadion, mar dat it sa drok wurde soe, dat hie de klup net tocht. Supporters meie mei de auto troch it stadion ride, as se in donaasje dogge foar de jurydyske kosten, dy't de striid om promoasje nei de earedivyzje mei him meibringt.

Der is safolle belangstelling foar, dat strjitten om it stadion hinne ôfsletten binne, en der steane ferkearsregelers.

Minsken dy't in donaasje dogge, krije dêr in sticker foar. "Cambuur komt eraan", stiet der op. Der binne 3000 stickers, mar in wurdfierder fan de klup is bang dat dat dat net genôch wêze sil.

Cambuur fielt him dupearre troch in beslút fan de KNVB, dy't bepaald hat dat de Ljouwerters net promoveare nei de earedifyzje, no't de kompetysje ôfbrutsen is. Cambuur hie in foarsprong fan 11 punten.

De klup wol it konflikt graach beprate op in ledegearkomste fan de KNVB, mar it is net dúdlik wannear't dat kinne soe. Freed sil de rjochter him der oer bûgje.

14:06
Eke Jouwsma (100) hat in coronajierdei yn Sint-Nyk

Famylje en soarchpersoniel yn Doniahiem song hat bûtendoar op ta op oardel meter ôfstân. Se krige ek in oantinkenbeam en de boargemaster Fred Veenstra spruts har ta.

Foto: Douwe Bijlsma
Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)