Epke Zonderland oer Hans van Zetten: "Dankzij hem gaat turnen leven"

01 maaie 2020 - 20:39

"En hij staat!" It is in term dy't by in soad Nederlanners yn it geheugen stiet. Epke Zonderland wurdt Olympysk kampioen yn 2012 en Hans van Zetten is de kommentator. No hat er in boek skreaun. Oer Epke, mar foaral ek oer turnskiednis, oer de suskes Wevers en oer Yuri van Gelder.

Sjoch hjirûnder nei de reportaazje mei it boek-oerlangjen:

It boek-oerlangjen fynt plak yn de hal dêr't Epke op dit stuit traint. Yn in fitness-seal, dy't no dochs leech stiet. Dêr jout Van Zetten it boek oer oan Epke en de suskes Lieke en Sanne Wevers. Van Zetten hat fansels gjin trainer west fan Epke, dochs hat hy wol belangryk foar Epke west. "Hiel belangryk úteinlik. Hy is net direkt by myn karriêre belutsen, mar yndirekt eins 'onlosmakelijk' wol. As jonkje wie hy der ek al by om te melden wa't de toppers wiene. Hy is dé stim om it oer te bringen op it publyk."

Neffens Epke is Van Zetten hiel betûft yn it oerbringen fan de spanning en de technyske kwaliteiten fan de turners. "Minsken dy't der dan net by wêze kinne, dy kinne dan dochs genietsje fia de tv. Dat se it dan dochs sa yntins belibje kinne. Hans van Zetten kin dat as gjin oar oerbringe. Hy kin hiel moai de wurden fine om it ek oer te bringen. Hy komt út it turnjen, hy wit presys wat der by ús yn de holle bart en bringt dat hiel goed oer oan de sjogger. Hy wit in hiel soad oer de sport. Oer de skiednis en it yngewikkelde fan it turnjen."

Olympyske titel yn 2012

Epke waard yn 2012 Olympysk kampioen yn Londen. Nederlân seach mei spanning nei in histoaryske oefening. In oefening dy't einige mei de wurden fan kommentator Hans van Zetten. "'En hij staat', ha ik hiel faak heard ja. En it bliuwt moai." Mar der is mear moai oan it momint, want neffens Epke is it momint dat hy ek echt stie, op de grûn, foar himsels ek it moaiste.

"It momint dat ik stie, hie mear ynfloed it momint dat ik hearde dat ik goud pakte. Ik woe fansels myn oefening sa goed mooglik turnje en it momint dat ik stie, of 'dat ik sta, hij staat' sis mar, dat hat op my ek it measte yndruk makke. Wolst fansels kampioen wurde, mar it momint dat ik stie, wie foar my hiel belangryk. Wat dat oanbelanget is it hiel moai dat de minsken thús dat ek as it momint meimakke ha."

Sjoch hjir nei Epke syn byld fan kommentator Hans van Zetten:

Hans van Zetten krige fuort nei de oefening yn 2012 al de fraach om in boek te skriuwen. "Ik ben echter geen schrijver, maar een commentator. Er kwamen echter al snel twee schrijvers (Marijn de Vries en Lidewey van Noord, red.) die het wilden schrijven." Van Zetten makke fuort nei de oefening fan Epke in beslissing. "Ik werd gevraagd voor allerlei talkshows, maar ik heb toen gezegd dat ik dat niet wil. Er zijn zulke mooie verhalen over de turners zelf te vertellen. Zo veel mooie beelden van de turners. Daar moet het over gaan en zij moeten op de voorgrond staan."

"Jonge turners inspireren"

Dochs hat Van Zetten it boek skreaun. "Omdat ik ook hoop dat jonge turners het lezen. En geïnspireerd worden door de verhalen. Natuurlijk heb ik een hoofdstuk over de dag dat Epke Olympisch kampioen werd. En over de zusjes Wevers. Maar ook verhalen van vroeger. Over mijn zus. Zij was een wereldtopper, maar is veel te vroeg overleden. Maar ik heb ook het verhaal van Yuri van Gelder, die weggestuurd werd tijdens de Spelen van 2016 in Rio gereconstrueerd."

Sjoch hjir nei it ynterview mei Hans van Zetten:

"Oef", sa begjint Sanne Wevers nei de fraach hoe belangryk Hans van Zetten west hat. "Ik kan me al bijna niet herinneren dat Hans er niet bij was. Hij is gewoon de stem van onze sport." Lieke Wevers: "Hans is gewoon met de hele reis die wij hebben afgelegd meegegaan. Een commentator is daarbij heel erg belangrijk. De prestaties zijn belangijk en nodig om iets teweeg te brengen. Maar een goede commentator kan het extra overbrengen. Ik denk dat iedereen zal beämen dat zijn passie daarin erg mooi is."

Oer de eventuele opfolging fan Van Zetten: "Dat wordt nog een hele klus," sa seit Sanne. "Hans is Hans. Ik kan me niet voorstellen dat Hans vervangen kan worden. Degene die daarna komt heeft hele grote schoenen te vullen."

Sjoch hjir nei it ynterview mei Lieke en Sanne Wevers:

(advertinsje)
(advertinsje)