Hans Anker: 'Hâld mear sittingen, ek as dat op jûntiid of wykeins moat'

01 maaie 2020 - 20:11

Strafpleiter Hans Anker wol dat der wer mear sittingen behannele wurde. Der hat er yn syn rol as stêfhâlder fan de Vereniging van advocaten in Friesland op oantrune yn in brief. De Fryske advokaten tinke - nettsjinsteande it coronafirus - dat der mear saken ynhâldlik behannele wurde kinne. En dat soe ek wykeins of op jûntiid kinne.

Hans Anker - Foto: ANP

Neffens Anker binne der ferskate ynstânsjes reewillich om mei te tinken. De rjochtbank hat neffens him al it goeie foarbyld jûn troch pleksyglês te pleatsen yn guon sealen. Der soene folle mear strafsaken foar de plysjerjochter komme kinne, ek as dêr miskien wat mear tiid foar útlutsen wurde moat. Foar Anker binne ek sittingen op jûntiid en yn it wykein besprekber.

Efterstannen

Hy skriuwt yn de ferklearring: "Er bestaan al forse achterstanden in de afhandeling van zaken. Die achterstanden worden momenteel alleen maar groter, met als gevolg veel onzekerheid, spanningen en emoties bij onze cliënten."

Advokaat en kliïnt oanwêzich

Advokaten en kliïnten wolle sels ek faak oanwêzich wêze by de behanneling fan in saak. Foar kliïnten is dat op dit stuit net it útgongspunt, mar Anker jout oan dat der foar strafsaken wol jildt dat fertochten it rjocht hawwe om yn oanwêzigens berjocht te wurden.

Anker hat in brief stjoerd nei de rjochtbank Noard-Nederlân, it hôf Arnhem Leeuwarden, it ressortsparket Arnhem-Leeuwarden en it arrondissemintsparket Noard-Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)