It bern Loek is der noch

01 maaie 2020 - 21:15

Loek Groenteman krige as tsienjierrige Joadske jonge in ûnderdûkplak yn Ychten. By Siemen en Hielkje Visser fielde hy him lokkich. Jierren letter betanke hy harren mei in stânbyld. 'Het kind is er nog' is in monumint wurden foar alle âlders dy't yn de oarloch in Joadsk bern opnamen. Loek is yn 2016 ferstoarn. Mar foar syn dochter Elise Groenteman is it bern Loek hiel tichtby.

tekst Karen Bies, TV-reportage Annet Huisman

Yn it boek 'As in faas mei blommen' (2000), oer de skiednis fan Eastersee, stiet op side 343 in advertinsje út 1945: 'Langs dezen weg betuigen wij onzen hartelijken dank aan alle illegale medewerkers in het District Friesland en speciaal de fam. Kuipers te Oosterzee en fam. Siemen Visser te Middenvaart Echten, voor de gastvrijheid verleend aan onzen zoon Loekie Groenteman, gedurende zijn 2 jaar onderduiken. Zijn dankbare ouders Joop en Stella Groenteman.'

Elise Groenteman by it stânbyld 'Het kind is er nog' - Foto: Gerko Jonker

Loek Groenteman is yn augustus 2002 yn Eastersee op de begraffenis fan Cees Bangma, de boerefeint dy't him sa holpen hat yn syn earste moannen as ûnderdûkbern. Foar it earst krijt hy de tekst fan syn âlders ûnder eagen. Hy hat yn syn drokke baan as direkteur fan in grut konfeksjebedriuw syn oarlochsskiednis altyd fuortdrukke en ferswije kinnen. No't er mei pensjoen is en op dizze dei weromgiet nei de doarpkes oan de Tsjûkemar, komme de oantinkens nei boppen.

Untbleating fan it stânbyld yn 2009, links Loek Groenteman - Foto: Popke Popma

Loek moetet Popke Popma, ien fan de skriuwers fan it boek oer Eastersee. Hy fertelt Popke syn libbensferhaal en beslút wat werom te dwaan foar de minsken hjir. 'Als dank dat ze ons door de oorlog hebben geholpen.' Se meitsje plannen foar in monumint. Yn april 2009 wurdt it keunstwurk oan de Middenfeart ûntbleate.

In frou, fier rjochtop, har earm beskermjend om it bern dat 'm oan har fêsthâldt en skruten sjocht fan efter har rok. It is in oandwaanlik en tagelyk stânfêstich byld. De titel: 'Het kind is er nog' is in ferwizing nei de Joadske skoalle yn Ljouwert. Dêrop stiet 'Het kind is er niet meer'. Fan alle bern fan dizze skoalle is nimmen nei de oarloch weromkommen.

Loek Groenteman, 2009 - Foto: Evert Elzinga

Op in sinneskyndei yn april 2020 moetsje Elise Groenteman en Popke Popma inoar by it byld yn Ychten. Se kenne inoar al jierren. Elise's heit Loek is fjouwer jier lyn ferstoarn. It byld 'Het kind is er nog' betsjut in soad foar har. "Ik denk aan de mensen die kinderen bij zich hebben laten onderduiken. Aan de risico's zij namen. Aan de bescherming die mijn vader kreeg, die hij ons, zijn zoon en dochter, ook gaf. Hij wilde zijn kinderen behoeden voor alles. Mijn vader zei altijd: 'Ik heb geluk gehad.' Ook dat hij op zo'n mooie plek terecht is gekomen."

Popke Popma: "Der wiene hjir in protte Joadske ûnderdûkers. Se neamden it hjir: it Jeruzalem fan it noarden. It wiene hjir allegear lytse paadsjes by de feart del. Dêr koene de Dútske auto's en motors mei sydspan net komme."

Elise Groenteman en Popke Popma - Foto: Gerko Jonker
(advertinsje)
(advertinsje)