AVROTROS makket alternatyf tv-programma oer Skylger festival Oerol

De omrop AVROTROS makket yn juny in alternatyf programma foar it festival Oerol op Skylge. It festival giet yn ferbân mei it coronafirus net troch. Oerol hie yn it twadde wykein fan juny plakfine moatten op it eilân.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
No't dat net trochgiet, hat AVROTROS it alternative programma Opium op Oerol yn it libben roppen. Presintator Cornald Maas is wol op it eilân te finen en sil it programma fan 15 juny ôf presintearje.

Bân mei it festival

Hy sil mei ferskate teätermakkers en keunstners prate oer harren bân mei it festival. Dêr is lykwols gjin publyk by. Wol binne der fêste rubriken te sjen mei skriuwer Splinter Chabot, sjonger Harrie Jekkers en telefyzjemakker Ruben Terlou. Chabot sil op Skylge op syk nei eilânbewenners dy't in spesjale bân hawwe mei it Oerolfestival.
It telefyzjeprogramma is fan 12 oant en mei 21 juny te sjen.