Yntinsive feehâlderij soarget mooglik foar mear coronagefallen

01 maaie 2020 - 18:25

Corona liket hurder ta te slaan yn gebieten dêr't yntinsive feehâlderij plakfynt. Der binne sterke oanwizingen dat de luchtkwaliteit yn relaasje ta it coronafirus in grutte rol spilet.

Hinnen - Foto: Shutterstock.com

"Er zijn enkele onderzoeken gepubliceerd waarin dat wordt aangegeven. In Brabant waar een hoge veedichtheid is, met veel fijnstof in de lucht, zien we dat meer mensen ziek worden door corona en ook ernstiger ziek worden", sa seit Everhard Hofstra fan GGD Fryslân. Dat betsjut net perfoarst dat der in ferbân is. "Maar er lijkt wel een duidelijke verhouding te zijn tussen veehouderij, luchtkwaliteit en het aantal zieken."

"We weten dat rond veehouderijen meer mensen met een longontsteking zijn. Je kan je voorstellen dat in een gebied waar mensen meer last hebben van longklachten, mensen ook meer last hebben van corona", seit Hofstra.

Net fuortendaliks soargen

Hoewol't ek yn Fryslân yntinsive feehâlderij plakfynt, hoege Friezen harren net fuortendaliks soargen te meitsjen. "De luchtkwaliteit in Fryslân is zo'n beetje de beste van Nederland. Maar het algemene principe is vermoedelijk wel van toepassing."

Everhard Hofstra fan GGD Fryslân

Trefwurden: 
feehâlderij coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)