Fertochte (34) fan geweld en brânstichting yn Dokkum foarearst langer fêst

De 34-jierrige Ferwerter dy't fertocht wurdt fan it besykjen ta deaslach en brânstichting yn de wente oan De Schans yn Dokkum, bliuwt 14 dagen langer fêst sitten. Dat is tongersdei troch de rjochter-kommissaris besletten.
© Omrop Fryslân, Ben de Jager
Letter dizze moanne moat de fertochte foarkomme by de riedkeamer, dan krijt er te hearren oft er noch langer fêststitte moat.

Brân

Yn de nacht fan 26 op 27 april waard in frou fan 29 út in hûs helle dat yn 'e brân stie. Sy wie ferwûne. Net troch de brân, mar troch geweld. Dêrfoar is de fertochte fan Ferwert oanholden, in bekende fan de frou. Sy wie tegearre mei har dochter fan 3 jier noch yn de wente. De brânwacht koe de frou en har dochter út it hûs wei rêde.