Net trijekwart, mar in kwart fan de coronapasjinten wennet yn fersoargingshuzen

01 maaie 2020 - 17:51

In kwart fan de Friezen dy't posityf test is op it coronafirus, wennet yn in ferpleech- of fersoargingshûs. Earder freed melde GGD Fryslân noch dat it om trijekwart fan de gefallen gie.

Fan de 512 positive tests yn Fryslân, binne 138 konstatearre by bewenners fan in ferpleech- of fersoargingshûs. It giet dan om âlderein en handikepten dy't op dy lokaasjes fersoarge wurde. Ek de meiwurkers meitsje in grut part út fan alle coronagefallen. In oar kwart fan de totale oantallen positive tests binne meiwurkers fan sokke tehûzen.

Technyske flater GGD

Dat de GGD earder in ferkeard oantal melde, hat te krijen mei in technyske flater, seit Everhard Hofstra fan GGD Fryslân. "Het is een technische fout bij het exporteren uit een database, waar ook andere groepen in meegenomen zijn."

Âldereinsoarch - Foto: Shutterstock.com
(advertinsje)
(advertinsje)